‘Mem is dea, dêr efter de doar stiet de kiste.’
‘Hm, dat foroaret, hwannear wurdt hja bidobbe?’
‘As 't tiid is. Mei Jo haw ik ôfdien.’
‘Ien telefoantsje en dû hingest.’
‘Der út en der nea wer yn!’
‘Goed, ik sil dizze joun oersljochtsje, oant sjen.’
Sa wie likernôch ús petear, dy jouns. Twa dagen letter, nei't Mem de middeis to hôf brocht wie, kaem er wer.
Der lei in ûngroun tusken ús, dat fielden wy beide.
‘Ik haw dy yn 'e macht’, sei er. Mar ik seach oan syn g'esicht dat er himsèls oertsjûgje woe.
‘Moardner’, sei ik. Hy waerd sa wyt as in lyk. En doe wist ik it. Hwant doe't ik it lyk fan de húsfeint útbonke en oan stikken snie, hie ik in bloedútstoarting ûntdutsen yn de lofterside en yn dy bloedútstoarting foun ik de lytse woune fan in ynjeksjespuit. En it hert, dat ik ús Mem yn in klâdde oerjoech, wie alhiel útset en blau, en toande alle forskynsels fan in ûntsettende kramp.
‘Ah, sei ik, dus dochs....’
Ik roun him foarby en die de doar op slot. As fan in njirre stutsen draeide er him om. Mar ear't er in hân yn de bûse dwaen koe, hie 'k him by de kiel. ‘Bikenne’, sei ik, ‘bikenne!’ En doe bikende er, dat er de man yn 'e koffer de deadlike spuit jown hie. Hy hie alles yn scène set, om my forgoed to binen, dat hie 'k opslach wol foar 't forstân. En doe haw ik him smoard, doomny....’
‘Mar hwat skeelt Jo? Binne Jo yn 'e sliep rekke? Cipier!’
Mar ear't de cipier de cel ynstoep, wist er it al. Mei de holle tsjin it lewant oan siet de âlde grize doomny, in fredige glimk om 'e mûle, Hy wie dea.