De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 235] [p. 235] Willem de Jong: Sliepsankje. Doch ta dyn eagen, slút dyn hannen, leave, nou't nacht bûcht oer dyn bêd en dize spriedt it lekken, hwant alle dûnker wurdt net mêd dy elke nacht wer ta to dekken, to bistopjen mei syn tekken. Haw nou gjin noed mar jow dy oer oan 't bline wurkjen fan de nacht en oan de wite macht fan geasten, dy't op 'e nachtwyn oanflein komme en sacht yn dy delstrike om to skeppen en frjemder wûnders to forwekken. Omearmje it dûnker; wit dat nacht en dûnker en alles wurket mei datst dû by 't rizen fan de dei yn riker foarmen stiest en farsker ta it grien yngiest. Vorige Volgende