[Nummer 9]
Meidielingen:
It Fryslân-nûmer fan ‘Al Liamm’, dat wy yntkoart oan de meiwurkers hoopje forstjûre to kinnen, bifettet fortalingen fan fersen fan J.H. Brouwer, Joh. D. de Jong, Obe Postma. Fedde Schurer, Sjoerd Spanninga en Marten Sikkema, de oersetting fan ‘De Trijehoek’ fan Geart Jonkman en fan ‘Mearke út Noardlik Fryslân’ fan R. Brolsma; skôgingen fan P. Kalma, Sj. van der Schaaf, Dr. W. Kok, Prof. Dr. K. Fokkema, S.E. Wendelaer Bonga, Carsten Boysen, Drs. A. Kooier, Abe de Vries, D.A. Tamminga, Mefrou A.v.d. Minne-Buma en Anne Wadman. Fierders in kaert fan Fryslân en 18 foto's en tekeningen.
Ronan Huon, ien fan de redakteurs fan ‘Al Liamm’, skriuwt ús oer dit nûmer: ‘It is the best number we have ever issued. All the pictures are excellent and I had many letters of felicitations’.
De ‘Sonnette-priisfraech 1951 ‘De Tsjerne’ ’ binne 12 ynstjûringen op ynkommen. Wy hoopje de bislissing fan de Jury, dy't bistean sil út Dr. W.L. Brandsma, Prof. Dr. J.H. Brouwer en Dr. F. Sierksma, alle trije to Grins, yn it Oktober-nûmer bikend to meitsjen.
Us meiwurker Sjoerd Spanninga lokwinskje wy by dizzen mei it winnen fan de Gysbert Japiks-priis 1951. Oer syn wurk sil Prof. Dr. J.H. Brouwer yn it Oktober-nûmer in skôging publisearje.
De Redaksje.