De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 226]
| |||||||||||
Prof. Dr K. Sneyders de Vogel:
| |||||||||||
[pagina 227]
| |||||||||||
en geaspraken. Of eigentlik bistiet dy wol, mar dan in as sadanich folslein frjemde tael, it Frânsk, de tael fan Noard-Frankryk. Nettsjinsteande de forskelen binne dy dialekten in ienheit. Mar likemin as de tael fan Noard-Frankryk hie dy fan Súd-Frankryk in eigen namme. Yn 'e Karolingyske tiid brûkten hja de bineamings lingua rustica, plebeia en romana. Mar dy bineamings slagge net allinne op 'e tael fan Súd-Frankryk, mar ek op 'e folkstael, hwersanne yn Romania ek, tsjinoer it Latyn, de tael fan 'e clerici. In oare bineaming is langue d' oc tsjinoer langue d' oil, de tael fan Noard-Frankryk. Hja wurdt ek noutiids noch fakernôch brûkt, mar hat it biswier, der kin gjin eigenskipswurd fan makke wurde. Languedocien tsjut ommers op it dialekt fan Languedoc. Dat hja moasten har rêdde mei termen dy't foar in geaspraek hâldden en jow dy in widere bitsjutting. Sa kamen hja dan û.o. op provençaelsk. Mar Raimon Vidal, dy't yn 'e 13e ieu libbe, docht to witten dat hy it wurd limousin brûke wol foar it hiele gebiet dêr't Limousin, Provence, Auvergne en Cahors yn lizze. Dy bineaming wurdt hjoed-de-dei noch yn Katalonië brûkt, mar yn Itaelje namen hja lykwols de namme provençaelsk foar kar, Friedrich Diez, de grounlizzer fan 'e Romaenske taelkunde, hat dat wurd oernommen en alle filologen nei him. En hja nammers net allinne. Mids de foarrige ieu is der krekt yn Provence in aparte renaissance ûntstien en it hat sûnder mear klearrichheit dat de dichter Mistral en syn folgers in sin hiene by de term provençaelsk. It biswier tsjin al dy bineamings leit yn 'e reden: hja tsjutten yn 'e earste opslach in biskaet dialekt oan; ha๙ dêrnjonken to brûken foar de algemiene tael soe in tizeboel wurde en it soe der fan hawwe oft ien dialekt hjir itselde oerhearskjende plak ynnaem as it dialekt fan Parys yn Frankryk en it Hollânsk yn Nederlân. Sûnt in tritich, fjirtich jier komt der in nijoanret wurd op: occitan of occitanien. Dat hat hwat foar, om't dêrtroch om pleatslike gefoelichheden hinne syld wurdt. Yn syn boek Histoire sommaire de la poésie occitane (1945) hat de bikende romanist Alfred Jeanroy it ek by de taellju boargerrjocht jown. De linguist Albert Dauzat jowt foar it eigentlike provençaelsk de bineaming ‘eastlik occitaensk’, en koartby hat in wet in offisjeel merk op it wurd set, mei it de tael fan Súd-Frankryk to neamen. | |||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||
Alhoewol't dus in algemiene bineaming ûntbriek, is der dochs yn 'e 12e ieu in koiné, in standerttael ûntstien. De oarsprong en de ûntjowing dêrfan binne gâns dizeniger as dy fan it Frânsk. It hat eigenskip dat yn haedsaek it dialekt fan it greefskip Toulouse hjirfoar groundearjend west hat. Toulouse hie twa ieuwen oanien in soarte fan hegemony hawn likegoed op polityk as op kultureel mêd. Eigenaerdich bliuwt it, dat dy koiné sà algemien oannommen is, dat amperoan alle skriftekundige wurken dêryn skreaun binne. Dat wy witte fan 'e Súd-Frânske dialekten yn 'e Midsieuwen in bidroefd bytsje, wylst der him rjochtoarsom yn Noard-Frankryk in bloeijende litteratuer ûntjown hat yn it Normandysk, Picardysk en oare streektalen. Yn dy koiné is in tige bysûndere skriftekennisse opbloeid, de Provençaelske lyryk, de striid- en minnesangen fan 'e troubadourspoëzij. De kultuerhistoaryske bitsjutting fan dy litteratuer hat men net gau to heech. Oardel ieu lang (± 1100 - ± 1250) hat der in machtich tal dichters libbe, dêr't sa'n hûndert anonym fan bleaun binne, dy't oan de tsjûk siedde hôven fan greate en lytse foarsten yn it floarisante suden wolkomme gasten wiene. Ridlik gau, binammen doe't de wrede krústocht tsjin de Albigenzen de woltier knoeid hie en de gastfrije ridderhuzen ticht rekken, reizgen de troubadours ek bûten har lân alle wegen út en waerden rounom optein oanheard en neifolge. Likernôch de hiele Midsieuske lyryk stiet ûnder ynfloed fan de Provençaelske. Yn Itaelje bisongen hja de leafde yn 'e tael fan Bernart de Ventadour en bistrieden Welfen en Gibellinen inoar yn Provẹnçaelske striidsangen lyk as Bertrand de Born dy dichte hie yn Hindrik de Twadde en Richard Liuwehert har tiid. Dat wie in romrofte rite. Mei ûnwennig'ens en greatskens sjogge hja ek nou jit tobek nei dat glânsgloarjende tiidrek fan sawn, acht ieuwen forlyn. Mei de troubadourspoëzij waerd ek de litteraire tael dêr't hja yn dichte en songen hiene wei. De Midi rekke ûnder de kening fan Frankryk. In figuer as Loadewyk de Hillige waerd ek fan de Meridionalen achteneare en hja dy't yn 'e tiid fan 'e Krústochten as frjemden foarinoar oer stien hiene, bigounen harren hwat langer hwat mear boargers to fielen fan ien heitelân. Wol hat de Hûndertjierrige Oarloch dat proses opkeard, mar nei it forskinen fan Jeanne d'Arc einde it mei de forfrânskirig fan 'e Midi hieltyd hurder. As Froissart, de skiedskriuwer fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, yn | |||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||
1388 by de greve fan Foix komt, ornearret er dat dy him uteret yn ‘bel et bon franchois’. Foar it neist better as Froissart sels, dy't yn syn dialekt fan Valenciennes skreaun hat. En de bêste proazaskriuwer út 'e 15e ieu, Antoine de Salle, komt út Súd-Frankryk wei. Wol kaem der yn 'e 16e ieu in soarte fan oplibbing ûnder ynfloed fan 'e Pléiade, dy't ek yn oare lânnen, b.g, yn Hollân, wurking die op 'e nasjonale litteratueren, mar it duorre koart en it bleau by Gascogne. It Algemien Biskaefd rekke yn it forjitten en der kaem Frânsk foar yn it plak. De ûnderskate dialekten libben wol troch, mar waerden amper mear brûkt foar litterair wurk. Hja wiene allinne goed foar koarte teltsjes, de galéjades, bytiden by de gatten ticht fan plattens, en ek foar krystferskes, de noêls. Yn dyselde 16e ieu moat noch eat neamd wurde, dat it gebrûk fan 'e geaspraken slimmen ûnderstek die, ntl. de ordonnânsje fan Villers-Cotterets (1539), dy't it allinne brûken fan Frânsk yn alle offisjele stikken oplei. Mar slimmer noch hat de Revolúsje it Provençaelsk ûnderwrotten. Yn 'e iene, ûndielbere Republyk wurdt mar ien tael sprutsen, it Frânsk, de tael fan 'e frijheit. De suggestive krêft dy't útgiet fan de leuze ‘Ien folk, ien tael’, hat foar de streektalen greater tobeksetter west as it gesach fan 'e kening. De dichter Mistral forhellet, hoe't syn heit him skamme foar syn patois, as der in monsieur by harren op 'e mas (= boerepleats) kaem. Byhwannear't dat sa wie yn in efterôfdoarp as Maillane, dan seit it himsels hoe't it der yn 'e stêdden hinne lei. Dêr is dalje op kommen. Dy kaem fan twa kanten. Foarst út it folk sels, dat mei de revolúsje mear selsbiwust wurden wie. Sa prate de lju yn 1789 yn 'e gemeenteried fan Auriol wer Provençaelsk, dat dêr sûnt twahûndert jier forballe west hie. En twad fan de kant fan 'e taelkundigen. Der wie in nije wittenskip kommen: de romanistyk. Goethe wiisde Diez op it bilang fan 'e tael fan 'e troubadours. En mei de Romantyk riisde it romroft forline fan Provence en Languedoc mei in nimbus omkrânse út it forjit wei op en foroare njonkelytsen it minderweardichheitsfielen yn great gean op eigen biskaving en tael. De 21e Maeije 1854 kamen by Avignon sawn jonge dichters gear, dy't it Provençaelsk wer syn âlde glâns en gloarje jaen woene. Dan moast it sa:
| |||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||
Dy seis punten hat de Félibrige allinne de fjouwer earste, alteast foar in part, fan yn praktyk brocht. De beide foarste punten jowe fuort al bysûndere swierrichheden. Der sieten frijhwat Frânske wurden en útdrukkingen yn 'e sprektael bimongen, yn 'e stêdden dôch, mar ek op it plattelân, dy't min fuort to krijen wiene, om't dy foar minder plat en foar heger gyngen. In karakteristyk foarbyld dêrfan binne de wurden ‘heit’ en ‘mem’. De yngreven Provençaelske bineamings paire en maire waerden allinne by bisten brûkt, foar minsken brûkten se it Frânske pera en mera. Mistralen-har hawwe trochset, mar men kin fan tinken hawwe, hoe'n tsjinkear hja oerwinne moasten. Hwat soene wy dwaen as in espel hjithollen ús oanrette tonei fan kop en poaten to praten yn pleats fan holle en skonken? Nest it bisef fan ienheit komt ek by it folk de winsk op sels in stim yn 't kapittel to hawwen. Dat folk praet net oeral Frânsk en de Meridionalen hiene der har niget oan dat har tael ûnderwerp waerd fan wittenskiplik ûndersiik. By einsluten biwiizgen Mistral-en-dy mei de died dat it Provençaelsk ek foar de hegere litteratuer in gaedlik ynstrumint wie. Yn 1859 kaem Mireille fan Mistral út en dat masterwurk twong earst Frankryk en Europa en dêrop ek Provence sèls de biweging acht to slaen, Oare masterwurken folgen en doe't syn Wurdboek forskynde, it monumintale Trésor du Félibrige, mei de karakteristike titel, hiene hja in rike skatkeamer, dêr't de Provençaelske dichters mar ta gean koene nei hertsbigear. In kearmannich haw ik al de wurden félibre en félibrige falle litten, De nije biweging hie forlet fan in namme om urbi et orbi to forkundigjen, der wie eat nijs berne. En op útstel fan Mistral waerd ienriedich de namme félibre oannommen foar de dichters fan de Avignoneeske dichtergroep. | |||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||
Mistral is ien fan 'e greate kunstners, dy't der fier-ende-fier útrint. By syn libben is er tige achteneare en dien. Sa is him b.g. de Nobelpriis foar dichtkunst tafallen; de presidint fan 'e Republyk hat him yn Maillane persoanlik opsocht; jitte wylst er libbe is der in stânbyld foar him oprjochte; elkenien yn Provence en dêromhinne neamt him mei earbiednis. Hy hat in lokkich man west. Lykwols, is er ta syn libbensdoel kommen? Né, dan hiene de beide lêste punten dy't ik neamde, ta wêzen brocht wurde moatten. Yn dat stik rekket Mistral, de Félibrige en de hiele biweging ek bûten de Félibrige yn trewyn mei it sterke sintralisme fan 'e Frânske Republyk. Mistral wie gjin politicus, woe dat ek net wêze. Hy dreamde fan in federaesje tuske Noard en Súd, dêr't ta in hichte beide har selsstannichheit by hâlde koene. Mar in fêst program hie Mistral net. Doe't er yn 1914 forstoar, wie der fan desintralisaesje neat kommen en noch folle minder fan in federaesje tuske Noarden Súd-Frankryk. Gjin minske, ek de Meridionalen sels net, achte soks yn earnst mûglik of sels winsklik. Slimmer jitte, Nettsjinsteande de opteinens dy't er rounom towekker rôp, hat er de neigong fan it Provençaelsk net keare kinnen. De Proveriçalen meije Mistral wakker heech sette, lêze dogge se de dichter ûngelokkigernôch net, bihalven dan in lyts formidden fan útskroevene forearders. De Provençalen hawwe der wol oan, in skreaune tekst yn har tael to folgjen; hja binne it ôfwend it visuële byld to forbinen mei de bikende klank. Dêr komt by, Mistral syn tael is dregernôch en ûntrint op 't lêst oare bilangrike streektalen gâns in ein, om't er groundearre is op 'e tael fan Maillane, Saint-Rémy, Avignon en Arles. It stribjen fan 'e Félibrige krige ek sterke tsjinwar by de Meridionalen sels en nei de dea fan 'e dichter, by hwa't ek de tsjinstanners opseagen, is dat jitte oanboaze. De skriuwers út Languedoc mei syn greate stêdden en ek de Gascogners mei har karakteristyk dialekt woene har eigen idioom net farre litte foar it patois fan Maillane en Avig'non, dat yn it tydskriftke Oc, oprjochte yn 1924, ien fan de meast degenerearre ûnderdialekten fan Occitanië neamd wurdt. De forienfâldige stavering ropt tsjinsin op sawol by harren dy't ornearje dat de bân mei de foartiid, de tael fan 'e troubadours, trochsnien wurdt as by dyjingen dy't har eigen dialekt forhûddûke achtsje, Fûleindich lôget de striid. Oan 'e iene kant steane de mannen dy't sizze, wol men ta ien- | |||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||
heit komme, dan moat men Mistral efternei: dus ien biskaet dialekt nei opnimming fan in mannich oare eleminten ta Standerttael forheffe. Dat hat dus yn, dat men Mistral syn wurk óér dwaen moat, mar sûnder dy syn geny en gesach, m.o.w. it is better de litteraire tael fan de Félibrige nei jin to nimmen en út to wreidzjen, as har wurk ôf to brekken en op in ûnwis doel oan to gean. Oan 'e oare kant kin men twa rjochtingen ûnderskiede: de iene lit alle ienheit kâld en seit dat elk mar yn syn eigen dialekt skriuwe moat; de oare bisiket in uterlike ienheit to biwurkmasterjen troch de wei fan in âlderwetske stavering, dy't deuner oanslút by de tael fan 'e 12e en 13e ieu. Dy lêste rjochting dy't binammen yn it sintrael lizzende Languedoc oanhang hat, is op dit stuit yn it oanwinnen. Al hat de Félibrige noch hertstochtlike folg'elingen, syn ynfloed bilunet. De termen provençal en Provence komme hwat langer hwat mear de wurden occitan en Occitanië foar yn it plak. Boppedat hawwe guon skriuwers dy't út it eigentlike Provence komme, lyk as Carles Camproux, de fynsinnige dichter fan Poemas sens poesia en fan Bestiari, it findel forlitten en harren by de occitanisten oansletten. Yn it tydskrift ‘Les Pyrénées’ skriuwe 26 skriuwers neffens de regels fan 'e Occitaenske fornijing en 11 yn patois. Wy merkbite hwat it swakke sté fan it Occitanisme is. Syn ienheit is mar skyn, bistiet allinne op papier en dan noch mar foar in part. Dat hawwe de Occitanisten sels ek wol foar it forstân. Mar hja moatte tonearsten mei dy skynienheit ta. Dat is by harren de iennichste wei om in litteraire tael to krijen. Om ta dat doel to kommen, moat der wjerlûd wekker wurde yn Occitanië. En dêr mankearret it frijhwat oan. As nei de lêste oarloch it tydskrift Oc wer útkomt klaget in redakteur: ‘Wy moatte war dwaen op 'e nij de seishûndert lêzers to heljen dy't wy foar de oarloch hiene.’ (Al in lyts tal op in bifolking fan trettjin miljoen!) ‘Mar hwer krije wy de striidmiddels wei dy't men by âlds ta jins foldwaen hie: de agora, it forum, de kleasters, de stinzen, de hôven, de akademys en litteraire café's? De arguminten dy't skriuwers hûndert jier lang oploege hawwe, om it folk fan Occitanië to oertsjûgjen dat it net bûten syn eigen tael kin, hawwe harren net yn it moed taest.’ Mar foar de laksen en lykmoedigen oer stiet dochs in moai mânske groep fan enthousiaste en warbere manlju en froulju, ûnderwizers meast en legere geastliken, dy't it | |||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||
occitan wer it plak fan earder dagen ta hawwe wolle, doe't de Midi der yn biskaving fier útroun by it barbaerske Noarden. Om dat sa fier to krijen hawwe hja al tiden ynsjoen, men moat in oare wei op as Mistral. Ut it Suden kamen lûden dy't yn 'e pleit gyngen foar desintralisaesje, regionalisme, federalisme en selst foar autonomy. En dy lûden klonken lykop mei dy út oare kriten fan Frankryk. De taelkwestje wie foar gâns lju net mear it foarnaemste. It gyng om it bihâld fan de eigen lokale kultuer: folkslieten en folksdounsen, kostúms, muzyk en skilderkunst, seden en brûkmen. It gyng ek om mear sizzenskip yn pleatslike, regionale, soasiale en ekonomyske fragen. Om mear selsstannichheit dus fan de ûnderskate lânsdielen, dêr't men, better as yn Parys, doel hie oer bioarderingen yn it bilang fan it gea. En fan alle kanten waerden der plannen opmakke. Yn 'e Keamer kamen wetsútstellen om de departemintale yndieling, dy't gniist om alle ekonomyske, ierdrykskundige en kulturele reäliteit, fuort to krijen en yn it plak dêrfan in regionale yndieling, dêr't krekt mei dat great forskaet fan stêd en lân, fan haven- en yndustrygebiet, fan kultuer en tael rekken hâlden wurde soe. En der waerden allerlei skema's útarbeide dy't Frankryk forparten yn 17, 18, 19, 20, 24, 25 of 30 homogene streken, om oer de mear komplisearre systemen, hwerby't b.g, de ekonomyske en politike yndielingen oer inoar hinne skouden, mar to swijen, Men kin dat neilêze yn it boek fan F. Jean-Desthieux, L'évolution regionaliste (Paris, 1918). Yn it miene binne hja it der oer iens dat it op desintralisaesje oan moat, nei de oarloch nammersto mear, nou't alle krêften oanspand wurde moatte om oer de swierrichheden hinne to kommen.
(Tonei it lêste.) |
|