De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] [Nummer 8] Freark Dam: Nachts as it donker is en njur. De dei komt en forliest syn glâns Gjin kâns Nachts as it donker is en njûr Sette de panne to fjûr Duvel en moer Sitte yn har skâns Op 'e loer Nei de man dy't rivieren lâns Nei de djipte foer Nei de djipten foer en net wer werom Mar stom Slagge de tsjeaken ta fan de nacht Deaden en berndieven sitte op wacht Neat as skom Dat ringen forslacht Hwat grounich grom Bliuwt oer fan it hert op syn hounewacht En de mûle bliuwt ivich stom. Vorige Volgende