In short story is der net. It wurk fan R. Ditman bliuwt ek foar in great part yn it would be hingjen. En oan geastlike oriëntaesje fynt men yn dit Almenak al in bjusterbaerlik bytsje. Hat de studintemienskip sa'n bytsje bilang by kwestjes fan oarloch-en-frede, by Sartre. by it rasseprobleem, by dat fan 'e koloniale liquidaesje?
It andert op al dizze fragen is like simpel as ûnbifredigjend: der is gjin talint en sa't skynt ek gjin klimaet dêr't talint dije kin. De jongerein wit sa't liket neat to heljen út it foarrjocht dat hja as studint yn dizze wrâld hawwe, hja krije net de gelegenheit om har Frysknasjonael sentimint en élan to forbinen mei in artistike ynstelling. En dat wylst der yn Fryslân sa'n skreauwend forlet is fan artistyk-oanlein èn ta lieding ré en ryp yntellekt. It liket as kweekt de Fryske studintemienskip neat as spesialisearre faklju mei hjir of dêr, mar yn letter jierren iderkear ûnfynberder, in oast oan Frysk sentimint dêr't hja gjin wei mei witte oars as yn de ien of oare bútenkrite, dy't har yn in jiermannich (en dat noch yn it gunstichste getal) ryp makket ta de geastlike status fan ‘Frysk en Frij’. Der is gjin klimaet dat talinten opkweekt, - de jongerein dy't der is bliuwt yn it stadium fan de ‘bilofte’ hingjen. Hja binne net sûnder talint, - lit ik efkes persoanlik wurde: de Brouwer's jonges, Joazep Witteveen, Sybe Sybesma en in poarsje oaren - mar hja sjogge gjin kâns der hwat greats fan to meitsjen. It liket soms as wjukkelje hja mar hwat en forsniperje har yn 1001 oanslaggen.
Fansels, ik soe ditselde forwyt mei likefolle rjocht rjochtsje kinne oan ‘De Tsjerne’ en freegje: hwerom moat dat blêd foar 90% folskreaun wurde fan de âlderein boppe de 30? Hwerom moat it iderkear wer barre dat men in swakke bydrage opnimt ûnder it stilswijend motto: Hwa wit groeit der hwat út, lit ús him (har) in kâns jaen. Hwer bliuwe se, de debutanten fan ús earste fiif jiergongen, neam mar op: F. Boltje, Wiger Eysinga, Anna Gerritsma, Ernst Huisman, Jan de Jong, Kees Meijer, Berend Steenema, Durk Heddema. Jurjen Sytsma, Anna Terpstra, Ria Stolk, Tsjerk Wielsma, al dy nammen dy't nei ien twa fersen wer like hommels fordwine as se komme.
Wis, men kin it Dr. Kalma meistimme: talint is seldsum en leit net yn 'e mannichte. Miskien is it wier, dat, neffens Ingelân, Fryslân mar rjocht hat op 1½ talint. En grif kin men sizze dat foar 1 Frysk talint altyd 35 Hollânske talinten oerstean moatte, foar 20 (lit ús sizze dy fan ‘Frieslands Dichters’) in 700. Allegear wier en yn forhâlding byldket it net min. Mar mei ien faktor hâldt dizze skôging gjin rekken: dat is de qualiteit fan it talint. En der is mear: it opgroejjen fan talinten is net in kwestje fan bifolkingstichtens, mar fan artistyk klimaet. En dat koe der yn Fryslân skoan genôch wêze, mei al syn Biwegerij, mei syn Krite- en Selskipslibben, mei syn kulturele honger. Mar it is der net, binammen foar de jongerein net. De Tsjerne is gjin debating club, en as hja it alris bisiket to wêzen, is de jongerein nearne to sjen. Yn de 3 jier dat ik it redaksjeskriuwerskip hawn haw, is der nea fan in jonge generaesje bisocht de âlderein út it seal to wippen, is der sels nea in pûrlilk brief ynkommen fan in jeuchlike barricadist dy't it roer om ha woe. Neat, allinnich net ûnaerdige en healtalintige ferskes, forhaeltsjes fan neat om 'e ribben en hjir en dêr ris hwat goeds, alles tige mei leafde skreaun en net sûnder oandriuw, mar wol sûnder drift, sûnder hertstocht, sûnder fjûr, sûnder dy ynjeksje mei haet en gâlle dy't dy leafde artistyk