Filmkronyk:
Justice est faite.
De film ‘Justice est faite’ fan André Gayette wurdt yn Nederlân fortoand ûnder de titel: ‘Het proces van Elsa Lundenstein’. Dat klinkt hwat romantysker, mar is lang sa goed net as it skerpe lapidaire Frânsk. Faeks in psychologyske misrekken fan de ôfdieling reclame, hwant de massa fan it bioscooppublyk is dochs nea net optein, as der, lyk as hjir it gefal is, frij hege easken steld wurde oan it yntellekt, de earnst en de sin foar humor.
Op it earste gesicht liket de film hwat twaslachtich. Men tinkt, dat it haedthema is de euthanasy, de frage: mei men in minske deadzje út meilijen? Mar der spilet in oar motyf trochhinne, dat it biskiedende blykt to wêzen: de frage nei it karakter, it wêzen, de wearde fan de jury-rjochtspraek.
Elsa Lundenstein makket, op syn forsyk, troch in deadlike ynjeksje in ein oan it lijen fan de man, dêr't hja acht jier mei libbe hat en dy't troch in ûngenêslike kielkanker foar de dea opskreaun is. De saek wurdt faejjer, as it bliken docht, dat hja 35 miljoen francs fan him ervet en in oare minnaer hat. De spanning wurdt opdreaun troch it feit, dat hja har died frijwillich en sûnder reserve bikent oan in suster fan it slachtoffer, dy't it oanjowt en kroantsjûge à charge wurdt. Hja stiet foar har rjochters yn in greate, bihearske ûntroering, dochs sûnder birou. De jury, dy't foar in swiere opjefte stiet, sprekt mei fjouwer tsjin trjje stimmen it skuldich út en hja wurdt ta fiif jier foroardiele.
Dit binearjende probleem is lykwols net it haedthema fan de film. It giet hjir binammen om de psychology fan de juryleden, om de eftergroun fan de motiven, dy't harren oardiel biskiede. Dizze kwestje wurdt sa yntelligent bihannele, sa yngeand biljochte, dat hja útgroeit ta it universele probleem fan de communis opinio oer de minske dy't yn need sûndiget tsjin it gebot of de hillige tradysje. It docht bliken, dat de juryleden ta in suver, objektyf oardiel net yn steat binne. Hja litte har liede troch eigen karakter, oanliz, leauwe, sympathy of antipathy, en foaral troch eigen lib bensomstannichheden.
Dizze jury is in troch it lot oanwiisde, tafallige en heterogene kombinaesje fan sawn Frânske boargers: in boer, in kellner, in âld-ofsier, in boargerfrou, in printer, in pear amtners. De âldofsier, dy't thús frij hwat to stellen hat mei wiif en dochters en by de tradysje swart, twivelet gjin amerij: de oanklage frou is in frjemde (in Litause), in ûnleauwige, in opstannige, dy't de gek hat mei de Frânske konfinsje. Hja hat in minske formoarde en dêrmei út. De boer, dy't fan syn eigen jonge frou bidragen wurdt en forûntweardige eagen opskuort, as er heart, dat Elsa elke dei in bad nimt, is ek daliks klear mei syn oardiel. Elk fan harren spilet in rol, en net altyd in moaijen, yn in eigen lytser of greater drama en it oardiel fan de measten birêst op foaroardiel of rancune. Der binne ek oaren, dy't bisykje to bigripen of fan meilijen laet wurde. En de frou ûnder harren, dy't, lyk as út it forhael blykt, de measte reden hawwe soe ta persoanlike rancune, oerwint