forhâlding. Dat sil ek wol sa bliuwe, mar alles hwat tsjinje kin om dit misbigryp hjir en dêr op to klearjen, moat tankber oannommen wurde.
Dêr is alderearst de wiidforsprate miening, dat in dichter immen is dy't in soarte fan swarte magy bidriuwt op syn eigen domein mei forbeane tagong; dat de dichters troch alle tiden in clan foarmje, dy't him wol fuortset, mar op himsels bliuwt, net oars wol en net oars kin.
Dizze miening soe net bistean as der net in krom fan wier wie. Mar dêr giet it nou krekt om; it is net alhiel wier. It boek fan dr. de Haan lit sjen, hoe't der altyd wer wikselwurking is tusken folk en dichter, hoe't it folk sels syn dichters fuortbringt en draecht, en hoe't der foar it dichterskip gjin oare libbensboarne is as it folkslibben yn al syn foarmen. Nei't dy foarmen foroarje, foroaret ek de oanslach fan 'e dichter, mar it prinsipiële forbân bliuwt itselde.
Miskien is it misbigryp binammen yn 'e lêste tiden wol hjirtroch bisterke, dat men bigoun is de dichter to rekkenjen ta de intellectuëlen. Tajown dat in dichter faken tagelyk in intellectuëel is; mar yn syn dichterlike funksje is hy it nou krekt net. Dêr libbet er út oare boarnen, dy fan fieling en forbylding, en syn yntellect hat by it wurk heechstens in kontrolearjende taek. Hy is hjiryn yn safier wer neat bysûnders, dat dy dichterlike eigenskip in suver en algemien minsklike is. It forskeel is dit, dat by him dingen trochgroeije, dy't by oaren ôfboun binne, mar nea yn safier, of hja kinne de dichter noch neikomme, en yn him sjen hwat hja kwytrekken. Yn it bigjin wiene hja gelyk, en altyd wer is der yn it gedicht in birop op dy likense oarsprong'.
De Haan wiist hjir op it riedsel, as it meast wêzentlik elemint yn 'e poëzij. Net it riedsel dat in birop docht op skerpsinnigens (‘tinksport’), mar ditte, dat de forbylding forljochtet, en de wierheit binei komt yn 'e gelikenis.
As men in hopen lieteboeken en forhanlingen leauwe mocht, soe it ‘folksliet’ in ding fan it forline wêze. Dêr heart in klacht by oer ús rationele, practyske en technyske tiid, dy't foar poëzij en skientme gjin ear en gjin plak mear hat. De Haan syn skôging hjiroer is tige soun, nochteren en optimistysk. It folkliet is net stoarn, seit er, en hy biwiist it mei de stikken. Hy ûntnimt de romantici har wémoedige illúzje, dat yn 'e midsieuwen folk en kunst ien wiene, en hy biwiist dat út de tael sawol as út de litteratuer. De trochgeande devaluaesje fan wurden as ‘g'emien’, ‘vulgair’,