him sahwat al tomjitte: op 'e gong stiene se alle seis, kreas op in rigeltsje. Doe't er de doar iependie, seach er yn in hoeke fan 'e keamer it reade hier fan Jantsje Postma.
‘Mar Pop, moat dat nou sa?’
‘Ja, Bouma, it is Freed - dan moat alles der út en jo kinne ommers moai bûten sitte?’
‘Nou, ik sil efkes nei de brievebus - hwer binne de brieven nou?’
‘Op 'e kast, boppe op 'e kast’.
Hja koe der net by. Hy ek net.
‘Wachtsje, ik sil dy optille, bist mar bihindich - einliks neat wurdich!’
It foel him ôf, dat it him net better ôfgong: hy woe jong bliuwe! It swit briek him oan alle kanten út, doe't er hearde:
‘Ik kin der nóch net by! Heger! Ik stie strak op dy hege stoel.’
Hy die syn uterste bêst en it slagge him; segels der op en hy gong op reis. Blinders, dat dat sa'n dreech karwei wie: sa'n jong faem op to tillen, en sa'n lyts ding ek noch.
It wie waerm yn 'e stêd; hy switte as in oandrager.
Brune yskomannen sieten yn 't skaed fan har karren to smoken, bern hongen der by om: ‘Meije wy ien, forgees?’ - boadskiprinnende froulju mei manteltsjes oer 'e earm dangelen by de winkels lâns: alles sjen wolle, net keapje kinne. Hy roun de stêd troch, in park, dêr't breidzjende memmen sieten njonken berneweinen; lytse jonges by de fiver. Alles naem de âldman op; hy fielde him as in protter sa bliid en yn himsels song er ferskes fan doe, ommers, ek op in Freed? Dat er dêr iderkear oan tinke moast, hjoed, fan 'e moarn daliks al. Mar as er nou sa neigong: hast eltse dei hied er sa eat fan har, Roaske.
Ek it park lei efter him en Bouma teach mar fierder.
De boeren mei greate, brune gesichten, wiene drok oan 't ûngetiidzjen en jonges, readforbarnd - sa sterk hie hy ek west....
Yn it lân dernjonken wiene bern oan 't blomsykjen, lytse bern yn fleurige jurkjes. Hjir en dêr lei in heapke blommen. Hy moast der nei sjen, efkes sitte yn 'e berm. Hja diene grif hwa't de measten hie; hwat in iver, hwat in striid - sa hie hy ek west....
Syn dreamen sweven wer fuort; dit wie Fryslân: lânnen mei hea, lânnen mei blommen, mei fé - it die syn hert sa