De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 210] [p. 210] Dam Jaarsma: Priisriden. De baen leit to blinken yn sinneskyn, Jit ienris de redens onder! Faeks hâldt dizze dei in bilofte yn En bidet har einlings it wonder. It iis is rju donker, mar ljocht blinkt de loft En ljocht is de loaits út har eagen. Hoe polsket it bloed har fan libbensnoft Mank dynjende minskeweagen. 't Is priisriden hjoed, mar hja achtet it net, Har lokje de wide fierten - - As bûten Maeije har klokken let, Hwa bliuwt yn 'e neare strjitten? - Sa fljocht de earn op brede wjok Fan d' ierde en kliuwt en stiget En skrept foar 't lêst om it fiere lok Eardat de simmer fortiget. Hja keart werom, de joun falt ier, It deiljocht krûpt fansiden. Hja hellet de kaem troch it grize hier; De priis is nou wol forriden. - [pagina 211] [p. 211] Libbensles. Men moat de dingen net to tragysk nimme. 't Is wier, in minskelibben is mar koart En 't lok in al to wiffe maet, dy't jimme Forrifelet mei kat-en-mûs-geboart. Men rint yn 't stokramt, 't lit him net ôfnimme, De maetskippije hâldt de leije en hoart. Forset baet net, wês sleauwei de slûchslimme Dy't pripket ûnder wetter as it moat. Dû woest dyn eigen rydtúch sels bistjûre? Gjin dy't it koe ek mar ien inkelde ûre. Hiest drinke wold mei folle swolgen 't lok? Lear dy to treasten mei in lytse slok. Men moat it libben net to tragysk nimme Mar mannich ding biglimkje en jin bidimme. Vorige Volgende