De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] A. van der Minne-Buma: Wersjen. In Maeijejoun mei swietrook fan seringen En ek de delleklokjes roeken sa. Der lei in wûndre tsjoen oer alle dingen As yn in stille kleastertún of sa. It skimerjoune yn 'e smelle strjitte, Papena-stins wie as in âld forhael; De boekeblêdden glommen fan 'e wiette, In klyster song en song mar op 'e nael. De skille klonk troch hoare, hege g'ongen; Wy sieten op it âldbiwende sté. Tabak, in piip - dy klyster mar oan 't sjongen - In romerfol; ditkear wie der gjin thé. Wy namen ôfskie. Doe't Jo fierder giene Wie it sa eigen en sa hiel gewoan. Is it wol tsien jier lyn dat Jo hjir wiene Of noch mar krekt, en is ús neat ûntstoarn? Vorige Volgende