De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 208] [p. 208] Rely Jorritsma: Ofskied. De dei foar't Helen fan Dartmoor yn 't kleaster gyng, doe rûzgen de karrousellen yn it forsoarre karmozyn.... In spul mei giele baergen, alles feal fan de woastyn. Fan de bushalte by de brêge like it ien gebou, de stêd, in berch fan tsjusternis oan in sinneskyn saed; fier, earne by in lânwei, binne wy skaet. * * * It wie sa fier as de sinne, wémoed fan ieuwen oer, de loft dreau fol gouden skossen op de mar fan blau fjûr; de iere maitiidsdei en it gemis wiene ien mei de natûr. Ik fielde eangst om de wissens der stjerlingen, de argeleaze oermoed yn har wêzen en handelingen; hokfor heimnis liezen hja yn de tydlike dingen? Vorige Volgende