dêr yn en drukte my stiif tsjin de muorre oan. In skûlplak wie 't net, mar ik stie net sa yn 't ljocht. De Chevrolet skraste by my lâns mei in polysje efter it stjûr. Doe kaem de polysje-auto. Ik koe it net sjen, mar dochs wist ik dat Jaep en Kobus dêr yn sitte moasten. It sloech yn my del dat dat myn skuld wie. Tagelyk fleach it my oan, nou soenen se om my komme!
Ik krige in gefoel as kaem alles op my oan....
As jonge bin ik ris troch it iis sakke midden op in wide feart. Dat skriklike gefoel doe't alle fêstichheden weiskeaten en it binearjende witten, dit is de ein, om't ik it swarte wetter om my hinne fielde, dat selde en miskien noch slimmer makke ik mei doe't ik dêr yn it sigerige portealtsje stie. Noch ien tel, of twa faeks, dan soe ik weisinke, dan wie alles ôfroun.... Yn uterste fortwiveling, sûnder dat ik it sels woe, skille ik oan de doar dêr't ik foar stie.
Earst letter seach ik dat it in minske op jierren wie dat de doar iependien hie, op dat stuit seach ik neat. Hoe oft ik it sein ha wit ik noch net, mar ik moat it toilet neamd hawwe of sa.
Dêr kaem ik alteast to lânne, triljend oer alle lea, mei in wyld jeijend hert. Stimmen yn it steechje dêrneist brochten my ta mysels. Ik koe it dúdlik forstean: ‘In skurve grize oerjas en in âld swarte hoed’.
Doe koe ik wer tinke, dy fint hie 't oer my! It moast dy lange wêze mei syn gleone eagen, hja sochten om my!
Letter siet ik by it guodlik minske yn 'e koken. ‘Hast it sjitten heard, tink, en nou bist fan 'e wize, hast yn 'e oarloch west grif’
En ik knikte mar. ‘Stil mar, jonge,’ treastge hja, ‘ik wit der alles fan, myn eigen jonge hat yn Indië west, hy is it noch nea wer to boppe komd. Ik sil dy ris ynjitte, dan kinst hwat bikomme’.
Doe hong hja in forhael op oer har dochter dy't tsjinne, en dat der langer sa'n bytsje mei dy jonge bern to bigjinnen wie. Ik koe der safolle út bigripe dat it fanke dy jouns húswarje moatten hie, mar dat de mem der foar opstrûpt wie, mynhear en mefrou wienen fuort.
Soks hearde ik oan ûnder alle spanningen troch. Allegeduerigen tocht ik dat de skille gean soe en de mannen der wêze soenen om my to heljen.
Mar it bleau stil en it âld minsk sels trune my op 't lêst oan om fuort to gean: ‘Hja kinne ek sa daelk thúskomme,