| |
| |
| |
S.J. van der Molen:
Tolve oersettingen nei Emily Dickinson
I
Ik stoar foar skientme, mar wie krekt
troch 't grêf fan 't libben skaet,
doe't ien dy't stoar om wierheits wil,
Hy frege sêft hwat my hjir brocht.
‘'t Is skientme’, and're ik him.
‘En wierheit my. Dy binn' in pear,
en bruorren wy,’ - syn stim.
En sa, lyk freonen op 'e joun,
gyng oer en wer 't petear.
Oant wreidzjend moas ús lippen foun,
de stien syn skrift forlear.
| |
II
Elysium is net fierder ôf
as dêr in freon de frage stelt:
Hoe'n krêft moat dôch de siele ha
in stap dy't tichter by jin komt,
in doar dy't him ûntslút.
| |
III
Sukses is 't allerswietste
foar hwa't it nea bisiet.
In nectar wurdt wurdearre
pas yn it slimst fortriet.
Gjinien fan dit oerstjûre folk
dat hjoed de flagge woun,
wit better hwat fiktoarje is
| |
| |
forslein en al yn 't lêste,
heint, ûnmeilydsum klear.
| |
IV
By pine wegert jins ûnthâld
en siz hoenear 't bigoun,
noch neamt it jin de dei dat men
't Hat inkeld takomst yn himsels,
syn einleas keninkryk bislacht
forline en hjoed, syn iennichst doel
| |
V
In tins kaem yn myn tinzen op
mar doe net dien-tocht. En ik wit
net mear hoenear't it wie,
noch wit ik hwer't hy g'yng, hwerom
Noch kin ik sizze hwat it wie
dat sa myn brein bisocht.
Mar earne wit myn siele klear:
't Wie inkeld mar in heugenis -
| |
VI
In antlit sûnder leafde of tsjoen,
it hurd gesicht fan ien dy't woun,
him fiele soe op syn gemak,
as wie it âlde kunde: kreas to plak.
| |
VII
Dû forjitst syn gloede mar,
| |
| |
Bistû strak ré, fortel it,
Mar gau! dat hy my net mear
| |
VIII
Forbeane fruchten geurje echt,
Hoe swiet leit yn syn húl de eart
dy't plichten ús ûntkeare.
| |
IX
't Wie sok in lytse lytse boat
en 't wie sa'n leidich stikje sé
't Wie sa'n ynhalich eintsje weach
dat slikke 'm fan 'e kaei.
En nea forrette 't steatlik seil,
Oft faeks myn bark, nei sé ta tein,
mei moed tsjin stoarmen stried,
of foar in eilân prûs en kein
of dat in magysk anker him
licht tsjoende yn syn macht,
dat is de fraech yn 't fierkjend each
| |
X
'k Hie honger hawn, de jierren oer,
Ik sette beevjend my oan 't miel,
preau foar it earst de wyn.
Dit hie ik nou op tafels sjoen,
doe't ik mei roppich liif
troch 't finster nei de rykdom seach,
| |
| |
De romt fan brea, dat wie my frjemd.
dy't ik mei 't fûgelt garre hie,
kaem 't wer ris sunich om.
De oerfloed smertte, nij as 't wie;
in toarnbei út de wyldernis
Gjin honger fielend haw ik doe
fan lju dy't foar de glêzen stean';
| |
XI
Hwerom wurdt hjir de toersklok let?
wie 't andert op sa'n drôve toan
as wie 't it slimste lot.
Dat by de ein fan Bunyans reis
de klokken fleurich klinke,
men kin jin by sok treflik nijs
gjin better brûkme tinke.
| |
XII
Hwa't op 'e ierd' gjin himel foun,
't Paleis fan God stiet nêst myn doar
|
|