De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 197] [p. 197] O. Postma: Trije oersettingen nei Emily Dickinson (1830-1886). I These are the days. Dizz' dagen komm' er fûgels wer, - In stik twa mar, net mear - Nei it âlde plak werom. Dizz' dagen nimm' de loften oan Fan Juny 't oerâld skynfortoan, In blau en gouden mom. Bidroch! Gjin bijen flean' er yn, Mar ik, meinommen fan de skyn, Soe hast it leauwe ha; Oan't risten sie jow' tsjûgenis, En in blêd, hwat skruten en ûnwis, Wjokt sêft nei d' ierde ta. O simmerdagen' sakremint, O lêst forien as nachttiid wint, Stean ta in bern om yn to gean; To hawwen oan it hill'ge diel, To sitten oan it wijde miel; Dyn wyn as sill'gjend bloed forstean! II I'm nobody! 'k Bin nimmen! Hwa binne Jo? Ek nimmen? Dan ha wy in span! Mar wês wiis en bipraet it net fierder: Hja dienen ús yn 'e ban. Hwat in aeklikheit, is men immen! Hoe plat, de godgânske dei As in froask syn namme to bringen Oan 'e sompe, yn oanbidding wei! [pagina 198] [p. 198] III Of all the souls. Fan 'e sielen dy't dêr skepen stean Die ik myn kar op ien. - As Tins him fan de sinnen skiedt En hat de útflecht dien, As hwat der is en hwat der wie Forliest al syn forbân, As dit lyts dramastik fan fleis Falt útinoar as sân, As stalten jowe bleat har front En op lûkt alle mist - Skôgje dan 't atoomke dat 'k my socht Ut heel de liemen rist. Vorige Volgende