De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 193]
| |||||||||||||||||||
S.J. van der Molen:
| |||||||||||||||||||
[pagina 194]
| |||||||||||||||||||
om by it lêzend publyk yn 'e graesje to kommen. Gjin dichteres alsa foar gelegenheitspoëzije, g'jin skriuwster by hwa't by einsluten dôch wol hwat gaedliks to finen is foar in blomlêzing ornearre foar de middelskoallen. (Dy komme nammers net ienris oan wrâldliteratuer ta.). Emily Dickinson har poëzije mist alles hwat de wissichheit fan succes jowt. Hja is net muzikael; falt net op troch rykdom fan klank, noch troch folsleinens fan de foarm. Né, as wy oer foarmfolskinens komme to praten, bliuwt Emily grif ûnder de mjitte. Har wurk docht net tinken oan in museum, mar oan in atelier, dêr't wy it skeppingsproces noch justjes yn meimeitsje kinne. (Vestdijk, Lier en Lancet, s. 18.). Effekt troch variaesje siket men by har omdôch. Suver al har seishûndert fersen bisteane út kwatrinen of coupletten fan acht wurdlidden de rigele, guon mei rym, guon mei klinkerrym (assonance), guon sûnder rym. In dichteresse op 'e lange baen is hja net en bytiden lykje har ferskes wol spreuken of aphorismen, sa koart. Modern is dêrby har macht om krekt mei sa'n pear rigels alles oer it ûnderwerp to sizzen. En har plastyk, har bylden dy't rekke binne, jin oer it mad komme, jin pakke lyk as kontrasten yn in filmmontage of - om noch efkes by de film to bliuwen - as close-ups en detail-opnamen, is fan gjin oarenien foar noch nei har birikt. Ien fan de bikendste foarbylden hjirfan is it koartdicht, dat fan O. PostmaGa naar voetnoot*) oerset is en to finen yn It sil bistean (s. 33). It is fan him foarsjoen fan it opskrift De reaboarstkes (hja sels hie gjin titels, hie allinne har fersen yndield yn de skiften Life, Nature, Love, Time and Eternity en The Single Hound): | |||||||||||||||||||
[pagina 195]
| |||||||||||||||||||
Mar net allinne fanwegen de plastyk, ek fanwegen it ûnderwerp: de dea, is dit fers typysk foar Emily Dickinson. Hja pakte tige mei de dea om, ‘she died all her life, she probed death daily’, seit Conrad Aiken yn syn ynlieding' ta de Selected Poems (The Modern Library New York, 1948) en it hjirneimels wie foar har in ding om lang en faken oer to mimerjen. Dat de himel bistie wie foar har wis, mar fan in Kristendom dat it gebet brûkt as ‘in mekanykje om God jins wurden mei yn it ear to toetsjen’ moast hja neat hawwe. Foar har wie de natûr in gâns moaijer boadskip fan it Godsbistean as in tsjerke en in credo. Har natûrfersen (komselden natûrlyryk) meitsje in great part fan har produksje út; hja falle op troch plastyk, boartlikens, fantasije. In idé sit der net efter. Bytiden dogge hja tinken oan de primitive folkspoëzije lyk as ús dy byg. yn riedsels oerlevere is: ‘A rapid, footless guest,
To offer whom a chair
Were as impossible as hand
A sofa to the air.
No bone had he to bind him,
His speech was like the push
Of numerous humming-burds at once
From a superior bush.’
Dit fragmint út in fers oer de wyn dy't ta de keamer ynkomt, is nei bisibbe oan ús riedlingepoëzij dy't de snie forliket mei tûzen wite douwen dy't it lân oerstauwen, de stjerren mei in pôt mei koalen en al yn de 10de ieu it ranen fan de snie troch de sinne mei dichterseach biseach yn: | |||||||||||||||||||
[pagina 196]
| |||||||||||||||||||
Daar vloog een vogel vederloos
op een boom bladerloos.
Toen kwam juffrouw mondeloos,
die at de vogel vederloos
van de boom bladerloos.
Dat it mûglik is en bring dizze dingen yn forbân mei it wurk fan Emily Dickinson biwiist de boppetydlikens der fan. En fierders hoopje ik, dat better as dizze mennich oantekeningen de fyftsjin oersettingen dy't hjir folgje in ynlieding foarmje meije ta har kunst. |
|