[Nummer 7]
Meidielingen:
Der wurdt op wiisd, dat it adres fan de Redaksje-skriuwer tonei is: Kanaelstrjitte 4, Snits.
Nei alle gedachten sille wy alle lêzers dy't ús jildlik stipe hawwe mei it Fryslân-nûmer fan ‘Al Liamm’ forgees in nûmer tastjûre kinne. It nûmer sil útkomme mids of ein Augustus. Hwa't jitte bilang hat by sa'n nûmer wurdt forsocht him efkes skriftlik op to jaen by de Redaksje-skriuwer foar 1 Augustus o.s. De priis fan ien nûmer sil sa om ende by de f 2.25 lizze. Dat bidrach moat ek foar 1 Augustus stoart wurde op girorekken 434958 fan A.S. Wadman, Kanaelstrjitte 4, Snits.
De Redaksje.