fan selsbiskerming út freze opnij boppe de macht to rikken? De deade dichter kin gjin antwurd mear jaen. Mar hat it miskien al dien yn in strofe as dizze:
Dêr leit hwat oer it iepen fjild
It hat hwat yn fan bânnich wurk,
Mar ek fan rêstich dreamen.
En oars hat faeks Fedde Schurer dat antwurd jown yn it prachtige, folslein earlike en rjocht-ute in memoriam fan sines dat de bundel ynlaet:
Ien dy't hwat betters bitochte
En al mar nei dingen sochte
Dy't er dochs net krije koe.
Yn dizze mannich rigels liket it hiele karakter fan dit dichtwurk bisletten to wêzen. Jimmeroan al hat Wybenga's talint oerhongen nei it leaflike, it idyllyske. Yn Ljocht oer 't Fjild komt dizze oanstriid jitris foargoed boppe. Mar dochs is der winst op gâns fan it foarrige wurk. Hiel hwat franje en omballingen, dy't syn earste fersen faek ûnderstek diene, hat de dichter yn dit lettere wurk oer board smiten. Oerbleaun is in tankber en krekt notearjen fan hwat de libbenseker yn it jounskoft opjoech. Mar de foarkar foar it arkadyske is bleaun. Al dy fersen oer it deistich boerebarren lyk as kijopsetten, bultbislaen, lofbaernen, noat-yn-heljen, sleatheakkeljen en skieppeknippen spilet in myld-wémoedich ljocht oer hinne. De driuw ta moralisearjen is lytser wurden. Sels de vis comica ûntbrekt net. In rigele kij, dy't op 'e pleats oan kroasket wurdt b.g. sá tekene:
Dochs - ik kin der net foarwei it to sizzen - mis ik hwat yn dizze fersen: symbolyk. De waernimming mei skerp wêze, de biskriuwing krekt, da tael ienfâldich en idiomatysk suver, - it hat A.M. Wybenga net jown west om troch de uterlikheit fan stof en hanneling hinne in oare wurklikheit to sjen. Of to sjen faeks wol, mar it is net slagge dy to byldzjen. Hwat oare dichters oer it boerelibben, lyk as Kiestra en Postma, wòl slagge is, troch to kringen ta de symbolyk fan de dingen troch middel nèt fan de moralisaesje mar fan it symboalysk laden wurd, dat hat de skriuwer fan Ljocht oer 't Fjild net barre meijen.
De titelprint op it omslach fan myn ynnaeid eksimplaer is in masterstikje. Dy moat wol fan Johs. Mulders wêze, al kin ik dy syn namme yn it boek sels net fine.
D.A. TAMMINGA.