Yn 'e fierrekiker:
Cabaretteksten fan Annie M.G. Schmidt.
Der nat de lêste tiid yn Fryske blêdden gâns skriuwerij west oer cabaret. Dat wie goed, to sizzen: dàt der oer skreaun waerd. Hwat der op it aljemint brocht waerd koe nl. net altyd sprekken lije. Mar nou is der - tinkt ús - to'n earsten ek wol genôch theoretisearre en Tamminga syn oantrún yn Frysk en Frij om it nou ek mar ris to dwaen hoopje wy fan dat er fortuten dwaen mei.
Wilens kin it gjin kwea en sjoch ris om ús hinne hwat oaren fan cabaret tolânne bringe. Hwa't troch de radio it programma folge hat dat it cabaret fan Wim Sonneveld op 23 Febrewaris by de iepening fan de Boekewike nei foaren brocht, hat seldsum genietsje kind: dit wie grif ien fan de hichten fan hjoeddeisk Hollânsk cabaret, net it minst troch de treflike teksten fan Annie M.G. Schmidt, hwaens ‘Zeeën’ yn in earder Sonneveld-programma al tige opfoel. Nammers, ek as meiwurkster oan it Amsterdamske journalistecabaret De Inktvis hat hja namme makke.
Wy binne dêrom bliid, dat wy fan dy teksten eat sjen litte kinne. C.G.A. Corvey Papiergroothandel N.V. wie nl. sa freonlik en stjûr ús in eks. ta fan in ‘Bloemlezing uit Een bloemlezing in prachtband, namelijk vier teksten geschreven door Annie M.G. Schmidt’, dy't hja as model foar de útjower oan har klanten takomme lit. It boekje - goed 20 printe siden - is dus net yn 'e hannel. Net allinne de útris fan dit skriftke is pryslik, ek de ynhâld is kostlik. It iepenet mei in liet op de Flodderreeks (Zondag en Maandag en doordeweeks, iedere dag de Flodderreeks. Telkens weer een deeltje) - in persiflage op de guodkeape populair-wittenskiplike rigen:
Koop nog maar een deeltje fan de Flodderreeks.
Ook u kunt nog een ontwikkeld mens worden!
Ook u kunt nog een persoonlijkheid worden!
Ook u kunt nog autogeen lassen leren!
De ‘ynhâld’ fan de Flodderreeks is like great fan forskaet as forrassend yn syn tsjinstellingen en dêrby representa tyf foar it soarte:
Bescherm uw hoenders tegen snot.
Religie van de Hottentot.
Wat doe ik in mijn vrije tijd?
Wat is de sjeksjualiteit?
Het liefdeleven van de struis
en dat van Wagner en Kees Pruis.
Hoe leer ik spreken bij een graf?
Hoe leer ik het daarna weer af?
Hoe vind ik vrede en geluk?
dat is de honderdzesde druk. (ensaf.)
Ek de trilogy-turven fan de ivich sjongende bosken krije it slim to forduorjen yn in sang fan trije Noarske boerefammen dêr't wy in lyts part fan oernimme:
Wij mogen op geen boekenplank ontbreken.
Wij staan er dan ook meestal alledrie.
Onze wieg staat in die streken,
waar de mensen zelden spreken,