De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 175] [p. 175] Tsjits Peanstra: Kwatrinen. I Ik bin de dounser op it tinne tried Myn dom forstân is 't inkel dat my liedt - Dan is it dien en wurdt der hantsjeklapt - Mar fan myn kunst wurdt nea in bûsdoek wiet. II 'k Wie figurant, kaem amper op 't toniel Dou wiest de regisseur fan it gehiel Mar dochs - hoe jammer - moast it stik mislearje: Men hie gjin spylders foar it lêst tafriel. III Jim, partisanen dy't fan dieden sprekke, Wol ienkear út jim neare finz'nis brekke Jim, fûle striders op in feilich front Hwa doar it earst de greate lont ûntstekke? IV Wy binn' de deaden dy't gjin namme ha Op 't earefjild ha wy gjin krûs of sa Mar alle dagen bloeije wer de lânnen, En komt ús dochs in blommerûker ta. V Forflok de wrâld, forflok dy sels it meast Sykje yn kroegen noch in bytsje treast En neam de dieven, moardners, greatsk dyn maten Hja binn' net dea tominsten en ha geast. VI Dou wiest de traper oan myn spinnewiel En spounst de wolle fan myn lytse siel Mar op in dei, doe binn' de triedden knapt En bleau neat oars, as in fortiisd gehiel. [pagina 176] [p. 176] VII Ik bin de houn dy't men in bonke jowt En fan distânsje in stikje fleis taskout Mar hoe't men Sneons it rûge bist ek kjimt It is in bastert en dat euvel bliuwt. VIII Sykje dyn winsten yn in oar's skandael Lyk as de bidlers is ús deihier skrael Hwant alle banken jowe lege rinten Hwa garre yn syn libben in kaptael? IX Ik bin in mich dy't yn dyn keamer fleach En yn 'e spegel hiel dyn hûs biseach Mar och, in mich hat oars neat to forwachtsjen As iens to skriemen yn in tiizjend reach. X It lok nimt foar it needlot faek de wyk En hwat hjoed rjocht is, dat is moarn faeks bryk Mar tink oer alles net to folle nei En liz dyn apels nea foar 't rút to kyk. Vorige Volgende