ienkear optild en sein dat ik net skrieme moast om mem, dat dy nou yn 'e himel wie en dat ik mar in great famke wêze moast en mei omke en muoike gean, dy't goed op my passe soene.
Doe wenne ik yn it greate hûs oan 'e grêft yn it lytse stedtsje. It greate hûs dêr't it sa stil wie en sa steatlik, dêr't in pluchen loper yn 'e gong lei en alles op syn plak stie, Siik fan ûnwennichheit haw ik west, al it fortroude, it ljochte en waerme wie om my weifallen. O, se pasten goed op my, omke en muoike en se mienden it goed, mar se wiene sa stiif en deftich en se hiene noait gjin bern hawn, se koene de wei nei myn bernehert net fine. Letter bigriep ik dat se it wol bisocht hawwe, mar ik aerde net yn dat hûs en wie skou en bang.
Ik libbe noch altyd yn it forline by mem yn it húske op 'e heide. Doe't ik myn sykte to boppe wie, moast ik op skoalle en doe bin ik stadichoan hwat oplibbe.
By de juffer moast ik oan Ella tinke en de dominy's bern namen my mei nei de rommelige pastorij, dêr't mefrou my oanhelle as wie ik ien fan har eigen. Dêr bigoun ik my thús to fielen, mar yn it grêfthûs net. Dêr moast ik fuotfeije en rjochtop by de tafel sitte en net slanterje en yn 'e tún moast ik moai om 'e bedtsjes rinne en net yn 't gers komme.
En as ik boarte hie en myn klean stikken wiene, sei muoike dat ik net sa wyld wêze moast. En ik krige sterke deeglike klean oan en it siden blommejurkje dat mem foar my koft hie, krige ik noait wer oan. Site koft altyd fan dat foddeguod, hearde ik muoike tsjin omke sizzen. Doe bin ik pûrrazend wurden en haw tsjin de doar oanskopt. Muoike hat my eigenhandich yn 'e kast treaun, sa lilk wie se. Omke hat my der wer út helle en my in par yn 'e hân treaun.
Jouns lei ik forlitten en allinne op it twapersoans bêd ûren lang wekker. Yn it earstoan tocht ik altyd oan ús húske en oan mem, mar stadichoan forflauwe it, it wie sa lang al lyn en it kaem noait werom.
Mar as ik dan allinne op it greate bêd lei, dan kaem heit by my mei de fioele en ik tocht oan de fiere lannen dêr't er wêze soe. Oan sinne en blommen en muzyk. Oan hege bergen, blauwe marren en greate bosken.
Dêr wie myn heit en spile foar de minsken dat se stil waerden, of dat se bigounen to dounsjen.
Hy wie fier fuort, mar ienkear soe er komme en my meinimme. Ienkear soe ik by myn heit wêze. Fan dy joun ôf