De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
J.F. Siemensma:
| |
[pagina 162]
| |
By de finne-hikke stiet de boer fan Ter Sted mei syn trije soantsjes,
as Hille it lân yngiet en mei neat as in krom lynkoeke yn 'e hân
de nytlige bolle Bjinse ûnder 'e azem komt en mei luenske wurden
de kening fan de greiden en it pronkstik fan de Ljouwter stamboeken
de finne út laet en mei de sterke pûr-allinne de reed lâns kroasket
op wei nei 't doarp, de kneppel yn 'e hân, ré om Bjinse op de snút to huffen
as er stjittelich wurdt en net wol sa as Hille it bigrepen hat.
De boer seit glimkjend it syn âldste soantsjes oan:
‘Ienris sille jimme great wêze en dwaen kinne hwat Hille docht,
en de bolle nei de keuring bringe en mei medaljes thús komme,
en jimme sille blider en greatsker wêze as de greatfeint hjoed is,
hwant Hille is tsjinstber, mar jim sille hjir skepper en skriuwer wêze’.
Meile en Kai knikke wiis, Jotsje lykwols dy wit suver noch fan neat;
hy stiet oan heite hân en dreamt mar hwat, en sobbet op 'e tomme.
* * *
Mei syn trije soantsjes is de boer fan Ter Sted it haeilân yntrape.
De lêste weide hea sil oer; guont haeijers binne oan it sturtswyljen,
oaren drage mei de foarke 't hea oan en sette de lêste opers.
Boppe op 'e weide blierket Hille biswitte kop de jonkjes oan;
hy is de weidloeger fan 'e pleats en men fynt yn 't gea ek gjin better,
hy nimt de foarkfollen oan as lei men him in skoander jongfaem yn 'e earms,
| |
[pagina 163]
| |
hy krûpt der mei oer de weide en flijt 't del dêr't hy it lizzen ha wol,
en 't komt mirakel goed to plak; op gjin pleats yn 't gea fan de Marne
wurde sokke kante weiden nei de skuorre mend as Hille sines.
De boer seit glimkjend it syn âldste soantsjes oan:
‘Ienris sille jimme great wêze en dwaen kinne hwat Hille docht:
Meile sil weideloeije, Kai de opers opstekke, of oarsom,
en greatsker as Hille sill' jim de lêste weide nei hûs ta ride,
hwant Hille is feint, mar jim sille boer wêze en oer it haeifolk stean’.
Meile en Kai knikke wiis, Jotsje lykwols dy wit suver noch fan neat;
hy stiet oan heite hân en dreamt mar hwat, en sobbet op 'e tomme.
II
De boer fan sate Ter Sted is gjin kleijer, it wierret him noch al mei;
syn fé is tierich, goarren en slimme syktmen geane syn doar foarby;
as kleisykte en tongblier omgean, hy komt der mei in skamper ou;
hy wit hoenear hy keapje moat: as der in fal is yn de prizen;
en fljocht de merk omheech, hy docht gjin bod, mar hat eat oan to bieden.
Keapers út Frankryk, flambard-lju út Bloemfontein en Brazilianen
komme troch de homeije fan Ter Sted en skôgje de boer syn stamboekkij,
de skoand're rierren, it interboltsje, it wiidforneamde bloed,
en ek it wûnder Bjinse, dêr't de boeren sa earbiedich oer prate;
syn keningsbloed sil yn alle kearkringen it wurk like treflik dwaen,
| |
[pagina 164]
| |
hwat Bjinse oantaest dat foredelt er; hy is dus ek nea to djûr.
Dat wit de boer en dêrom is hy ek net sa hastich mei gelok dwaen.
Hwat wiif en bern oanbilang't dat kin yn it algemien sprekken lije,
de boerinne hat yn 'e foarein de leije, hja wit de boaden to mennen
en fan har ynbisytsjen g'iet de rop fan rynskens de krite oer.
De fammensbern spylje piano, mar 't frijen giet harren better ou.
Meile en Kai buorkje togearre skoan, de boer komt al yn 't neirinnen,
en Jotsje dat 's in dreamer; hy komt as it tredde laem efteroan.
* * *
De tiid giet op Ter Sted as in hearsker om, lit it spul florearje;
it stamboeksbloed op fjouwer skonken docht oeral yn de wrâld syn wurk,
fan Java en Bloemfontein oant Vera Cruz, Mexico en Chili;
en fan gefolgen tine de boer syn banksaldi, hy fokt him ryk!
Syn soannen ha de fakskoallen om 'e deale net forsomme, hja buorkje tûk,
Freeds ride hja yn 'e Chevrolet nei stêd en slobberje whiskey soda;
de âldste dochter hat in studint oan 'e angel, de jongste in boeresoan
dy't mei syn greate Kaiser 1950 foarrydt as Lutske mar efkes kikt.
Né, hwat dat oanbilang't dan wiist it op sate Ter Sted net sa min,
al koe 't noch wol better, hwant de âld boer hat gâns lêst fan rimmetyk,
en de boerinne himet en pûstet, hja wol mar leafst altyd sitte;
en dat Jotsje net meikomme kin, is de âlden ek danich yn 'e wei;
| |
[pagina 165]
| |
hy hat oan learen it mier en soe 't leafst de hiele dei mar tekenje, -
skoalle en âldershûs slagge dy nuvere nocht der by him net út.
* * *
Dy dreamer! sûle! - hy taelt net nei de kouwesturten fan Ter Sted,
en de kast mei medaljes oan 't lewant, hy jowt der net in spier om,
hy hat der noch nea mei stúdzje nei sjoen, nòch nei de bolle Bjinse
sa't dy dêr hinget, skildere fan in man út 'e stêd foar to min jild.
As de bruorren mei heit it wurkplan biprate, is Jotsje der net by;
as syn susters mei de feinten yn 't hôf kuijerje, is Jotsje dêr net;
en as de krante komt, of de post bringt brieven, Jotsje stiet net yn 'e doar.
Hy libbet yn syn eigen wrâld mei syn tekenboekjes en syn meskes,
hy tekent de pleats en 't arbeidershûs, de beammen en de hikke,
en sit dagen to fykjen oan in âld klomp dy't in skip wurde moat;
en is dat klear, hy fiket koppen oan memme biezems en hurdfeg'ers;
hy rint as in frjemdling troch de skuorre en oer 't hiem, en fielt gjin bân
mei hwa't njonken him sa fûl stribje nei jild en macht en oansjen.
It is in stille jonge en syn mem en susters binne mâl mei him;
mar syn heit en bruorren sette him faek to plak - dy sûle! dy dreamer!
III
Hy hat mar ien boarterke hawn: it famke fan de fêste arbeider;
mei lytse Rjimke hat er paleizen boud en de wrâld bifolke
| |
[pagina 166]
| |
mei ierdmantsjes en bûzehapperts, tsjoensters, féën en prinseskes;
mar doe't Rjimke faem waerd hat de boer der in skoatteltsje foar strutsen.
En Rjimke is forfearn nei 'n oar plak en der kaem in nije arbeider.
Dy Maeije-deis fielde Jotsje him sa groulik forslein en forlitten,
hy is alhiel to lider slein it fjild yngien en hat dêr yn syn need
oan Jezus roppen, de Freon dy't him fan Jotsje fine litten hie,
syn treast yn slimme skoften.... Mar dêr wisten hja op Ter Sted neat fan;
hja gyngen gewoan nei tsjerke en wienen fierders ek goed liberael.
En doe is 't bard, op in dei fan sa'n greate forlittenheit, doe't de
Pinksterklokken letten yn de doarpkes tichte by de sé, dêr't hy jouns
op syn swalkjen bidarre wie, dat it ynienen ûnwarich rûze
en tsjuster waerd; mar op 'e sédyk wie in ljochtgrot en dêr middenmank
stie, as in great en machtich teken boppe de ierde, in houten krús.
En doe't Jotsje dêr forbouwerearre nei stoarre, hen! gleone pylken
skeaten del út 'e loft en tobrizelen it krúshout en bidobben 't ûnder
tongen fan fjûr; en yn 'e mids stie great en hearlik de forrize Christus.
En lizzend op de knibbels stiek Jotsje syn earms út, hwant hy waerd wonken.
* * *
Doe't de bolle Bjinse roun to weidzjen op 'e berchplateaux fan Mexico
en de peso's dêr't er mei bitelle wie, op de Suvelbank stienen,
stoar de boer, en Meile en Kai waerden skepper en skriuwer op Ter Sted;
| |
[pagina 167]
| |
hja rekken wol yn tsjinst, mar kamen as kostwinners al gau wer thús.
En sa is 't bard, dat Jotsje fuort moast yn soldateklean nei de grinzen;
mar hy wie nea mei op mars en nea hat er in gewear yn 'e hannen hawn.
Hja neamden him ‘de artyst’, hja wisten hy wie òars as dat hja wienen;
hy snijde út esketihout in heul great byld fan Christus oan it krús.
En doe't de ofsieren de great-majoar der ek by helle hienen
en hja Jotsje arbeidzjen seagen-oan 't antlit fan de Christus-figuer,
doe murken hja, dat út 't each fan de nifeler in trien dripte op 'e flier;
en nimmen doarst hwat sizze salang't Jotsje foar de Forhevene stie.
En doe't de nifeler klear wie en it byld opsteld hie tsjin 'e muorre,
fielden de soldaten har los fan dizze wrâld fan stof en bloed en slyk;
hja wisten: dit hjir is 't byld fan it Ivich Anker fan minsken en folken.
* * *
Hy hie syn skoalle en syn learing, mar òare as de bruorren harres;
hy bidonge de greiden net en kaem net op de bollekeuringen;
hy fokte net en hat nea yn de Suvelbank foar de loketten stien.
Hy foun in oare wei, en dy wie fluorre sûnt dy joun oan de sédyk;
hy waerd in ploeger op ikkers dy't allinne frucht jowe as de minsk'
sèls ploege, strykboerd, èn 't mei wrede swipe oanfitere dûbelspan is;
as in roppene, fûleindich dreaun, sa stie Jotsje op syn ikkers
oan de Tiber, dêr't dy him troch it ivige Rome hinne wynt.
| |
[pagina 168]
| |
Michelangelo Buonarroti! Santa Maria degli Angeli!
La Pietà! Cappella Sistina! Basilica di Sankt Pietro!, -
dàt wien' de nammen dy't him nei waerden, méár djûr as hokfoar oare;
yn harren mysterieuze mienskip hat syn kunstnerskip him set.
Roma Eterna wie syn wrâld: dêr leinen syn greiden, dêr weide
syn geast, de frije dy't oan de Noardsé yn dizen fan kjeltme bifrear
en it lân dat him berne hie forliet om it nea werom to sjen.
Dochs tocht er faek oan it âld skier lân, dêr't him syn doel wiisd wie:
leauwe en arbeidzje, en to wêzen in rank oan de wynstôk Christi.
|
|