goed forantwurde is. Oars as binammen âldere skriuwers yn 'e regel siket er it net yn útsochte tafallichheden noch yn bjusterbaerlikheden noch yn moralisearjende suggesty's en oèrhellingen noch yn 'e tsjinstelling fan felle kleuren. Né, alles hwat er Keimpe wjerfarre lit, is hiel gewoan.
Op dy manear makket de skriuwer it him sels en de lêzer lang net maklik. De ûnbikearde Keimpe biskriuwt er minstens like sympathyk as de bikearde. Mar sa ûntdekt er tagelyk de echte heiden. Hwant de heiden, likefolle oft er braef is of dat dat der oan hat, hat in sterk elemint fan sympathikens oer him. It is gjin barbaer noch dogeneat, mar de sa natuerlik mûglike minske. Mannich lêzer sil himsels de fraech stelle of't Keimpe einlings wol bikearing fan neden hat. Hwer't hy ta komt dy kearen dat er min of mear út 'e bân rekket, is dat nou sa slim? Hja hawwe gelyk. Op himsels is it allegearre ûnskuldich, syn trouwe moatten sels yn sa'n formidden en maetskippij. Mar yn it forbân fan it libben forriede en aksintuëarje dy natuerlike ûnskuldichheden de heiden Keimpe, Keimpe bistean yn en mei de natûr krekt. En net troch him birou krije to litten fan sûnden, mar troch him foar de frage fan 'e dea to setten, taest Akkerman him op it g'oede sté.
It tokoart fan ‘Wankend ljocht’ is lykwol, dat de skriuwer him net fierder weaget as er sielkundich foarinoar krije kin. Dat stiet him to priizgjen, mar it kin net ta. Hwant it biskiedende momint fan 'e bikearing leit net yn it dwaen fan minsken, mar yn 'e Godlike wurking. En dy is sielkundich net nei to kommen, forhoalen wegen dat hja giet. Dêrom moat de christen de kunstner to help komme en op it gefaer fan mislearjen ôf, ja wis fan heger mislearring, him op in stuit fierder tabitrouwe oan 'e fantasy fan it leauwe mei har boarne en har hâld tagelyk allinnich yn it reälisme fan 'e Skrift. Hat ek Akkerman dêr aen fan hawn, doe't er, wanke bigripend it sij as winke it sij as oankomme it sij as driigje, dit boek syn eigenaerdige titel joech, mar him op dy wei ienfâldich net bitroude?
En dan op 't lêst kin men net wei foar de kardinale fraech. Is it wol bikearing, hwat der fan Keimpe forhelle wurdt? Hat it net mear fan it krampeftich roppen fan 'e heiden oan syn god en macht as fan it weromkommen fan in bern ta syn Heit? De ûnforwachte wurden dêr't it forhael mei bislút - ien ding hie er nou wissichheit fan: dat men