Op it harspit:
In Frysk tersksankje.
Mei it Frysk yn de Nederlânske skoalleboeken stiet it der min foar. Men soe der in aparte rubryk fan meitsje kinne. Hiene wy lêstendeis Erné en Smit by de kladden, diskear is ‘Epiek en Lyriek’ fan W.L.M.E. van Leeuwen oan bar. Op side 308 fan de achtste printinge fan dat wurk lêst men in, op it sloppe bislút nei, geastich lietsje, dat lykwols, oernommen út Jos. Schrijnen syn ‘Nederlandsche Volkskunde’, in archaysk staveringsmunster wurden is, dat nammersto nuverder byldket omt bygelyks Potgieter wol modernisearre waerd. Ek de interpunksje doocht net:
Om to fordúdlikjen folget in fortaling fan de Drintske Dr. H. Blink, dêr't men yn lêze kin: ‘Met het hele (halve) dorp’, ‘Dan bakt (géeft) de vrouw’ en ‘Dat voegt ons wel’.
Faeks soe de hear van Leeuwen tonei de ‘Friesche Kalenderfeesten’ fan S.J. van der Molen ris ynsjen kinne.
Dr. Tj.W.R. DE HAAN.