De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] Geart van der Zwaag: Feintepetear. (foar T.W.S.) Ik driuw, myn freon, lâns de bitroude hiemen Fan 't lân, dat amper alle wetter hâldt. Dêr mealle mounen en dêr rêste riemen, Hwant op 'e wyn syl ik troch dizze wrâld. De pleats.... it hôf, it feintekeamerfinster, Hwerefter ik de eigen dingen wit. It lytse gleske, dat in fûl geglinster Fan sinneljocht oer wiidten skine lit. It boat giet troch en mei it lân bisile, Us bûtenpôlle yn 'e ienlikheit, Dêr 't âlde beaken wacht hâldt yn 'e snilen En oan 'e skipper de gefaren seit. Wy swilen, freon, siz mar yn better dagen Fan alle kant op 't selde beaken ta. Wie ús petear, in lytse oper fragen, Disharmonij yn Kuyper's spektrum, ja? It andert klonk; in inkeld wurd waerd sprutsen Yn 'e biheinde romte efter 't rút. Dêr strielen ús, as fan facetten brutsen, Fan 't wûnder ljocht de waerme kleuren út. - It boat leit foar en binn' de seilen strutsen, Dan is 't in feint dy't my de doar ûntslút. Vorige Volgende