De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] U.J. Boersma: Ofskie yn 'e oase. (Oan Sjoerd Spanninga.) Swij, myn freon, en túch it hynder op - klei net om 't lêste lok dat nou net foar ús lei.... Yn 't seal! - en tergje net to lang dyn eale Arabier dy't trillet mear as ik om 't streakjen fan dyn hân! - Myn tinzen, sille hja hoedzje yn hjitte dei en iiz'ge nacht dy, troch dizz' einleaze sânsé?.... My is 't herte nea iensum mear Salang myn antlit gloede draecht hwer't dyn lippen rêstten! Ienris.... dyn stal tsjin loft en sân bringt my 't biwiis: ‘dyn trou oerwoun!’ - Lit fleane nou dyn hynst en sjoch - né, sjoch net om - Sterk wol 'k stean foar dyn each oan 't lêst - Dêrom - gean nou, myn freon - farwol! - Vorige Volgende