to stean dat de jury to kiezen hat tusken ‘Peer Gynt’ en ‘You never can tell’. It wol my oan, dat men hjirmei de wurksumheit en inventiviteit fan de Fryske toanielskriuwers net oanfiteret, mar earder allerhande handige sakelju yn it kultureel gewear ropt. Ik haw gjin biswier tsjin it oersetten en spyljen fan bûtenlânske stikken, earder oarsom: ik bin der wis fan dat men dêrmei kultureel goed wurk dwaen soe en ús eigen skriuwers hwat leare. Mar ik protestearje der tsjin, dat de hichtepunten fan de wrâldtoaniellitteratuer meidwaen kinne yn in selde kriich dêr't ek wy Fryske toanielklauwers oan meidwaen meije, al kinne wy by foarrie wol op it dak sitten gean. Hie men dan net better hinne gean kind en skriuw twa toanielpriisfragen út, fan elk f 250, -, ien foar in oarspronklik stik en ien foar in oerset? Of it diskear ris alhiel op 'e oersettingen to hâlden? Wier, mei sa'n priisfraech makket men de lju dy't it ‘ek wol ris bisykje wolle’ (en fan dyen sille wy it ha moatte yn dit lân fan opperste dilettantery!) huverich.
Noch in opmerking moat my fan it hert. Yn 'e bineaming komme stikken fan allerhande soarte: great, lyts, fleurich, earnstich. Sa kin dus theoretysk in ienakter de priis winne. Hie it net forstânnich west en byn foar dizze gelegenheit de skriuwers ris oan in inger foarskrift? B.g. hwat oangiet de ‘moderniteit’, de langte, it tal bidriuwen, de stoffe sels? Nammers ek op it gebiet fan de stoffe soe bêst in sadanige formulearring to finen wêze, dat men net in lange rige fan sahwat gelikense stikken krige.
Op dy wize hie men liedend en opfiedend to wurk gean kind (hwat yn 'e Fryske toanielwrâld wol nedich is!) en faeks it wurk fan de karkommisje, by in sa dizenige formulearring as dizze ôfgryslik dreech en subjektyf, tige forlichtsje kind. Hwant meitsje jo as goedwollend minske mar ris in kar tusken in drama fan Shakespeare yn oersetting en in flot en goed yn elkoar draeid ienakterke fan Gjalt Wibes. Jo leaver as ik.
A.W.