Krityk yn it koart.
Abortive poezij.
G.Tsj. Kooistra, Mem. Sonnetten. T. Wever, Frentsjer.
Der is gjin mis op, dat dizze 24 sonnetten, artistyk mishipt as hja wêze meije, ûntstien binne út in earlike ûntroering, út in oprjochte oandrift. Dat jowt se in biskate wearde en in biskate ûnoantaestberens op net-poëtysk, mar suver muisklik terrein, dy't my huverich meitsje fan détailkrityk. It mês sette yn dizze fersen bitsjut foar in kritikus: it mês sette yn in stik libben fleis. Ik wol dizze útjefte dan ek earst en meast ôfwize op prinsipiële grounen. Dizze fersen binne ûntstien út in to persoanlike, to direkte ûntroering, of leaver: hja binne yn in to persoanlike en direkte ûntroering hingjen bleaun, om útjefte yn it iepenbier to rjochtfeardigjen. Hie dit in boekje-foar-in-mannich-freonen west, hie it net op myn skriuwtafel bidarre yn syn dúdlike hoedanichheit fan resinsje-exemplaer, hie ik it net yn boekhannels lizzen sjoen ûnder allemans each, - ik soe der net oan tocht hawwe it to bisprekken.
Mar nou't op dizze wize hwat oars net wêze meijen hie as in persoanlik oantinken, in persoanlike gemoedsútstoarting, steld wurdt as in publike kulturele died, dat bitsjut: as in died mei konsekwinsjes, fergje dizze fersen op in konfrontaesje mei it artistyk gewisse fan de kritikus en sette hja him mei-iens foar in probleem: dat fan de forhâlding tusken it ûntroeringsmomint en it ‘kréatyf momint’. Marsman hat ris de wearde fan Slauerhoff syn útsûnderlik dichtwurk forklearre út in duorjende striid tusken de passive, tsjinakseljende ûndergroun fan dichters natuer, dy't op 'e forneatiging rjochte is en fan gjin foarmwurding witte wol, en it foarmjend kréatyf bigjinsel, dat de natuerlike stoflikheit omfoarmje, forwêzenlikje wol ta de heger oarder fan it fers. Hy forklearret de poëtyske krêft fan Slauerhoff syn kréatyf formogen út de krêft fan syn tsjinakseljende natuer. Just dy lêste lit ús sjen hoe sterk as it skeppend formogen by Slauerhoff wêze moatten hat.
Sûnder nou al to opsetlik de hear Kooistra mei (yn syn eagen faeks wakker forspijbere) dichters as Slauerhoff to kompromittearjen, soe men dochs fêststelle kinne, dat it by Kooistra krekt oarsom is: by him twingt de natuer har leidich en wjerstânleas op oan de kréative macht, dy't der gjin wei mei wit, dy't der mar hwat fan makket, dy't it net oan kin. By Slauerhoff forset elk fers him tsjin syn berte, by Kooistra forsearret it fers syn eigen berte, kin it sels gjin medyske help ôfwachtsje. Dêrfandinne dat dizze fersen, al bisykje hja har it ôfroune klaed fan it sonnet om to hingjen, stik foar stik yn it abortive, it foetale stadium hingjen bliuwe. Hja binne stykjen bleaun yn it ûntroeringsmomint, net útkristallisearre ta in produkt fan heger wêzenlikheit. Hja binne foetus bleaun en net útgroeid ta dichterlike homines sapientes. De sonnetfoarm jowt har dêrby it oansicht fan in foetus mei in bril op.
De skriuwer fan dizze gedichten hat, om it hiel ienfâldich, mar