Hy joech him del yn in noflike stoel yn 'e erker, krige in sigaret en stiek der de brân yn. Hy wachte.
* * *
It stekje klapte. Hja kaem mei de fyts it paedtsje del. De lytse jonge yn it kuorke lake en swaeide mei de earms.
‘Wy hawwe noch efkes boadskippe,’ sei hja, en rikte him de krante oer; ‘it liket mar nuver mei de tastân optheden, seine hja yn 'e stêd.’
‘It kin ek hwat tafalle, it hinget al salang om,’ andere er.
‘Kom, ik sil de jonge mar gau syn iten jaen, hy is nedich ûnder de wrine.’
Hja fuorre him syn iten op.
‘Hy hat de hiele middei yn it tún boarte, dat nou sliept er al hast.’
Hy seach de krante troch: driigjende tastân, skerpe nota's útwiksele, ynsidinten oan 'e grins.... Né, it like net fleurich.
De jonge wie op bêd brocht. Hja giene oan 'e tafel.
‘Soestou ek noch oproppen wurde?’
‘Wol kâns op.’
‘Mar bist dochs einliks ûnmisber op 't fabryk. Soest net in frijstelling krije kinne?’
‘De bazen miskien al, mar ús soarte net, moatst rekkenje.’
‘Lit ús der mar net oer ynsitte, it komt sa't it komme moat. Sjoch, dit hat de jonge fan 'e moarn foar dy tekene.’
‘Tsjong, it fabryk, dat is it krekt, twa pipen, de poarte, sels it treintsje stiet derop. Ik sil it de mannen moarn sjen litte.’ Hy stiek it briefke yn 'e bûse.
Hy socht syn noflike stoel op en sette de radio oan. Marsmuzyk skettere troch de keamer. Doe kaem it ekstrabirjocht: folsleine mobilisaesje! Moarn soe er fuort moatte.
Wurch en forslein wie hja op bêd g'ien. Mar hy bleau noch oan it tastel, woe mear hearre. Itselde birjocht waerd noch in pear kear omroppen. Hy sette it tastel ôf en treau de túndoarren iepen. Yn 'e beam kwettere in nachtlike fûgel, krekt as wie der alhiel neat to rêdden. It wie ek net to fetsjen: dit libben hie noch mar sa koart duorre, hja hiene der jit mar amperoan fan genietsje kind. It hie like oft it lok net op koe, dizze jiermannich. En oft neat it forneatigje kind hie. Hiene hja it sels net boud, net fortsjinne? Tryst loek er de doarren ta.
* * *