De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 119] [p. 119] Willem de Jong: De mem. Yn de jit twiveljende moarn dy't griis de keamer yngliidt setst ré de sob're dis mei eal en fyn biweech yn in soarchfâldich oerliz; dan, as einlings oanskikt is it bernepear, dû preuv'le hast it simpel en tear gebet, bigjint it miel, bigjint dyn trou, hast ûngemurken soargjen foar elks diel fan 't needrich brea; en yn dyn feil'ge earmbôge (o oerâld, ûnbiwust gebeart) is 't nigen fan dyn antlit oer eagen dy't har freegjend heevje, roerst dû wol einleas tear mei dreamende, heal iep'ne mûle in oare, stammerjende mûle. O dû, dy't yn de skimer omgiest, oerbûgjend dyn bloedeigen bisit, dû, dy't út de skimer opriist, ûnoantaestber yn forheven steat. [pagina 120] [p. 120] It ljochte doarp. Ut skomjend grien wei de wite wegen wine starich nei it hôf omheech; de g'evels bûge freonlik, de dakken hingje guodlik leech, en alle tunen kleurje giel en rij mank populieren rizend wyt en frij. It ljocht bidekt de grêven, en hat it stille plein oergetten, it weaget oer de reade tekken, tsjoent alle hernen fol; o, hoe't út de galmgatten lichte klanken streame gol oer 't iepen gea! Dû bist in wite heuvel yn de griene sé, in blinkend sté. Vorige Volgende