| |
| |
| |
Anne Wadman:
H.G. Van der Veen en de Fryske Winterjounenocht.
I.
Dr G.A. Wumkes seit yn syn ‘Bodders .yn de Fryske Striid’ (s. 566) fan deDriezumer dichter-skoalmaster Hjerre Gerrits van der Veen:
‘Hy koe it net goedkrije, det Waling Dykstra bigoun mei Fryske winterjounenocht en skreau yn 1861 dêrtsjin it rymstik: Protest op 't Fryske winterjounenocht’.
Yn syn ‘Paden fen Fryslân’ I, s. 178 wiist deselde ûndersiker van der Veen oan as skriuwer fan in mei H.G. ûndertekene krityk op 'e Winterjounenocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen, publisearre yn it Hollânske tydskrift ‘De Tijdspiegel’ fan 1862, wylst Dr M. de Jong yn ‘Het geheim van het Oera-Linda-boek’ dit stik op rekken skreaun hie fan Eelco Verwijs.
Bisjocht men dizze twa meidielings fan Dr Wumkes neist elkoar, dan is alles yn oarder: van der Veen in tsjinstander fan it Winterjounenocht. Hellet men de libbene by de deade en bistudearret men beide authentike stikken, dan docht bliken, de saek is dochs sa ienfâldich net.
Earst it gedicht, dat yn hânskrift to finen is yn it Selskipsarchyf. Maklik lit dizze eigenaerdige tirade fan 40 strofen fan elk 6 rigels har net lêze. Men kin it fers net in biskaet talint ûntsizze, mar it is dochs echt op syn Vanderveensk: stjitterich, yn elkoar krongen, ryk oan konjunktyf-foarmen, yn herhelling forfallend en wol foargoed sa, dat men de holle der by hâlde moat om de trie net to missen.
‘Frysk winterjounenocht’, seit van der Veen, is neat as ‘scyn’-nocht, as der gjin Fryske deugd yn sit. Der wurdt optheden in ‘fransk-frysk’ nocht oer 't lân brocht, dat ‘alle echte frysce froedens wân’ is. De dichter ropt de geast fan Gysbert Japiks, ‘de Fryske Vondel’, op, om dêr mei syn ‘sliucht in riucht’ in ein oan to meitsjen. Foar Gysberts ienfâld sille se as in spoek fordwine:
‘Greatskens, greatspraek, eg'en lof,
Poespas, frjemde flinken’,
dy't by Poepen en Frânsken hiem binne en hjir troch in ‘liflef folkjen’ wakker ynhelle wurde. Oer dit ‘frjemd- | |
| |
sinsfieden’, dat ús eigen skaei ús oandocht, moat ‘wrake’ roppen wurde. Dy't dit forneare kin, is gjin wiere Fries, en foar
Groeit gjin hielkruwd; neat as dea
Giet troch syn besmette lea!’
En de dichter ropt út:
‘Wea 't “frysk nocht, to winterjoun!”’
Mar dan bisjocht er de saek fan de oare kant en freget: Soe men wea roppe oer in Frysk nocht dêr't ‘puwk fen boargers’ hinne lokke wurde troch ‘gas of modrateur’, troch hoepelrokken en troch de ‘alderfynste odeur’, dêr't it plompe Frysk sa heech op 'e troan sit, dat it net allinnich by it ‘smaekleas dom gemien’, mar ek by de kulturele hegerein yn oansjen is? Ommers: ‘'t swiete nju des huwsmans’ is hwat fan de âlde tiid, doe't men noch forlet hie fan ‘nocht op egen wiise’. It ‘hjoeddeisce fryske bern’ sjocht dêr gjin ‘grissel moais’ mear yn en winsket de biskaving dy't omfierrens wei oanwaeijen komt.
In âlde Stânfries jowt it antwurd: hy forhearliket it âlde stege Fryske folksaerd, dat net witte wol fan skyn en flaeikjen, fan ûnthjittings brekken, fan frjemdsin en bûgjen, dat foar 't each hurd is en stoef, mar fan herte tear, dat wearzget fan leffe komplimintsjes en etiquette, dat net fij is fan in kwinkslach, mar by 't oansjen fan it hillige ropt: ‘Skoen uwt in de holle bleat!’, dat leaver foar lomp en stiif g'iet as him de lakswiete frjemde moaden oaneigenje. En hy warskôget:
‘Friesen, Friesen! o, stean pal;
Weelde en wyldsin woll' jimm' fal!’
Mar it is omdôch: ‘snikjend, kritend’ sakket de âld man wei yn syn grêf en de oare partij nimt it wurd wer: fan Fryske seden en Fryske deugd, dy't liede kinne ta Frysk nju, wolle hja neat mear witte. Hja dije ta smaek mei Dútsk en Hollânsk, ja sels mei Frânsk:
‘O! ho hearlik stiet ws kans,
't Frysk fen kant to krijen!’
Dy Friezen fan it âlde slach roppe noch deaden op út har grêf om harren to helpen, mar dat is:
‘........hjar laeste lypjen
Om ien skat, lang skjin forbruwkt,
'n Wer foar elk de noas opluwkt;
| |
| |
Elk, dy eat syn tiid forstiet,
't Frysk in 't Stanfrysk fleane liet
Yn foaruwtgongsstoarmen.’
Wy, de modernen, hingje net langer oan it âlde, dat ûnforbidlik foarby is:
‘Leauw 't, Parîs bistiet it net,
Hwat ald-Fryslân hjoed de dei
Nochlik sjen in hjerre mei!’
Dan nimt de dichter sels it wurd wer, winskjend, dat er in Fries fan it âlde skaei wêze mocht, nou't Fryslân ûnder it útkreamjen fan dit ‘great fornuft’ leit to suchtsjen, alhielendal ‘forbluft’ en yn ‘swym-swam’ to kreunen en to kriten leit. Hy skammet him foar de namme Fries en docht in sarkastysk birop op 'e greate ‘sjongers’ Posthumus en Halbertsma om, wylst Gysberthim yn syn grêf omkeart, dochs binammen tsjûge to wêzen fan dizze ‘uws heachste gloarje’ en, elk mei in palm, dizze viktoarje to fieren mei in ‘himelfreugdegalm’.
* * *
Hwêr, freeg'je wy ús ôf, kettermintet van der Veen hjir in 240 rigels lang sa alderheislikst tsjin? Hwat wie der bard yn Fryslân, dat him net noaske en dêr't er syn gâlle oer ûtspije moast? Folle dat ús hâldfêst jowt, kinne wy út dit rymstik net opfandelje. Lykas meastal yn 'e gedichten fan van der Veen (en der binne gâns by fan in twa, trije hûndert rigels!) siket men omdôch nei fêstomskreaune feiten en nammen. It doel fan de oanfal bliuwt dizenich en abstrakt. Van der Veen, by al syn kwaliteiten en al syn fortsjinsten, bisiet net it formogen om syn gedachte-kronkels to forienfâldigjen, likemin yn syn ferswurk as yn de missives en forsiikskriften dy't er om it hoartsje oer salaris-saken ensafh. oan 'e autoriteiten stjûrde en dêr't er Gemeentebistjûr en Deputearre Steaten periodyk mei ta wanhoop brocht.
Mar ien ding is wol dúdlik: tsjin de Winterjounenocht fan Waling en Tsjibbe Gearts kin dit net gean. In amerij oannomd, dat van der Veen harren wurk net lije mocht, dat er dêryn it brûken fan de eale memmetael seach foar aldeiske setten en pretten, - dat it gearhinget fan ûnfryskens, fan Frânsk, Hollânsk en Dútsk, dat it reklame makke
| |
| |
foar hoepelrokken en odeur, dat it, mei al syn stribjen nei bifoardering fan seden en deugd (sei net Tsjibbe Gearts op 6 Des. 1860 to Dokkum, dat harren doel wie om ‘troch satyre de sedekinde to bifoarderjen’?) ‘frjemdsinsfieden’ hjitte mocht, dat it koartsein ‘plus parisien que Paris’ wie en yn alle striid mei Gysbertom syn ‘sliucht in riucht’, dat kin sels van der Veen, al koed er bytiden raer út 'e hoeke komme, ús net wiismeitsje wold ha.
Hwer giet it dan tsjin?
De folsleine titel fan it rymstik kin ús in oanwizing jaen. It fers hjit ntl. ‘Protest op 't Fryske Winterjounenocht fen Gysbert Japiks' Sliucht en riucht’. Dit kin twa dingen bitsjutte: 1. Gysbert Japiks' Sliucht en riucht protestearret tsjin de Winter jounenocht (yn 't algemien dus) en 2. Ik protestearje tsjin it Winter jounenocht, sa't men dat oantreft by Gysbert Japiks' Sliucht en riucht. ‘Gysbert Japiks’ nou wie de namme fan it Frysk Selskip to Damwâld, dêr't van der Veen ien fan de foaroansteande leden fan wie. Dit Selskip hat net lang bistien en wie, al hawwe der mei it Ald Selskip wol kontakten bistien, net offysjeel dêrby oansletten. Op 'e earste iepenbiere gearkomste derfan, 15 Okt. 1859, dêr't Tsjibbe Gearts sprekker wie, brocht van der Veen syn heilgroet oan it Selskip (opnommen yn ‘Iduna’ 1859, bls. 127) en bitocht er ek yn in rymstik fan 118 rigels ‘it oafstjerren fen de wolearwirdige, tige bewitenskippe Hear Rinse Posthumus’ (forstoarn 28 Sept. 1859); dit stik is opnommen yn 'e ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’ fan 1860, bls. 163.
Op 22 Jann. 1861 hâldde it Selskip Gysbert Japiks in ‘iepenlike gearkomste mei frouwen’, ‘alhiel ta bate fen da lijers troch da oerstreamingen in Gelderlond’. It wie van der Veen, dy't dy joune in greate bydrage yn poëzij foarlies, titele ‘Oan de Friezen yn Foarmoanne fen 1861, by 't fornimmen fen de Oerstreaming oan Maes en Wael.’ Dit rhetoarysk dichtstik is ûnder it motto ‘Botsen by botsen’ en ‘ta bate fen 'e lyers’, twa moanne letter foar rekken fan it Selskip ‘Gysbert Japiks’ to Ljouwert útjown. It bifettet in oprop oan de Friezen, om ‘de oerdwealsce’ Fryske winterwille, ho leaf dy ús ek is, mei syn wille fan spierkrêft en feart en mei syn ‘ljeafdebânnen, rein in hillich’, dy't dêrby ‘knoate wirde, onwrikber faest’, to staken en de bruorren yn Gelderlân to helpen yn harren need, lykas der ek yn 1825, doe't Fryslân der sa foar stie, fan alle
| |
| |
kanten help en stipe bean waerd. As wy ús nou oerjoegen oan 'e djipst to bikleijen sûnde: de gjirrigens, dan soe (alwer: it is in soarte fan sykte by van der Veen!) Gysbert syn ‘Rjucht in sljucht’ in skandflek bitsjutte. Wy moatte birêste, bidde en leauwe èn offerje. Van der Veen bislút:
‘Mey', frysce team! dy kreftsynspanning,
In fluggens streakje, ferme lea,
De ynspanning fen dyn geastformogens,
Ta heager doel, forjit dy nea!’
Dizze oprop waerd dus foarlêzen op 22 Jann. 1861. It ‘Protest op 't Fryske Winterjounenocht’ is datearre.... 23 Jann. 1861. Ien dei letter.
De forklearring fan dit lêste gedicht twingt him suver oan út it earste. Hwant hwat leit foar de hân? Dat van der Veen just op dy gearkomste ‘mei frouwen’ argewaesje hawn hat fan de nocht-en-wille-geast, dy't by de Damwâldster krite hearske. Hoepelrokken en odeur, gas en ‘modrateur’, wylst.... hy út wie op goeddwaen en in birop die op it Fryske folk om mei de iiswille op to hâlden en mei mylde hân to offerjen foar ‘de lyers’. Gysbert syn spreuk bitsjutte yn dit formidden yndied in ‘skandflek’, net om 'e gjirrigens, mar om de weeldesucht, de útwrydske pronkskens, de Paryske moadesucht, dy't men wol net alderearst yn Damwâld anno 1861 socht hawwe sil, mar dy't men jin bigripe kin as to bistean yn 'e geast fan van der Veen: syn hertstochtlike oprop waerd forstien as in foarm fan.... Winterjounenocht en dat stiek skerp ôf by de earnst fan de tastân. Frucht fan syn ûntweardiging' wie it fers fan 240 rigels dat de deis dêroan (miskien deselde nachts noch) oan syn brein ûntspatte.
Wy meije oannimme, dat van der Veen syn lilke stimming ta in hichte rjochtfeardige wie, wy kinne it ús bigripe. Mar men mei net forjitte, dat van der Veen in dwerskoppich man wie, dy't alderheislikst to kear gean koe, as er syn sin net krige.
It is my net bikend oft van der Veen syn ûnsêftsedige krityk op it Selskip sels nei foaren brocht hat. Yn alle gefallen is syn oprop om help op risiko fan dat Selskip útjown, en op 20 April 1861 hat er jitris in great rymstik fan 200 rigels foardroegen: ‘Huet wol-et Selskip “Gîsbert Japiks” to Damwalde?’, opnommen yn 'e ‘Iduna’ fan 1861, bls. 68. Twa dagen letter, 22 April 1861, hat er jitris in oprop dien ta stipe oan de slachtoffers fan de oerstreamin
| |
| |
gen, by it Damwâldster Nut, in dichtstik fan 149 rigels, dat yn 1862 yn 'e ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’ opnommen is ûnder de titel ‘De Maetskippij ta Nut fen 't Algemien in de Oerstreaming yn 1861.’ Fan bydragen oan it Selskip ‘Gysbert Japiks’ hearre wy net wer. It Selskip hat it ek net lang' mear úthâlden. Yn it Selskips-archyf is jitte in Forslach fan ‘Gysbert Japiks’ oer 1859 en '60.
Van der Veen hat letter noch lid west fan de Krite Dokkum fan it Ald-Selskip, oprjochte yn 1859, dy't likemin bloeije wold hat. 17 Maert 1866 skriuwt de man hjirfan, Johannes D. Baarda, notarisklerk-dichter to Damwâld, oan de Selskipsskriuwer Colmjon, dat van der Veen ‘alderwenst sa dwarsbongelt dat wy him, as 't net strîdt mei de haedwet (en us miening is fen net) ienfaldich fortoan negére.’
It ‘Protest’ hat in eigenaerdich lot hawn. Ynstjûrd by Colmjon, dy't it net ta printsjen geskikt achte, bleau it dêr lizzen. Wy fine it werom yn 1868, dus sawn jier letter, as it by inkelde lju fan de ‘Bioardielingskommisje’ lânsstjûrd wurdt. Yn 'e ‘Oardielsboeken’ fan it Ald-Selskip (biwarre yn it Selskips-archyf) fine wy de oantekeningen fan dy lju. Sjoch hjir hwat Colmjon skriuwt: ‘Dit stik hie 'k al în 'e hûs, do 'k yet net mei die în th Winterjounenocht. Do achte ik it net ta printsjen geskikt, fen 'th weromstiuren kaem lîkwol net, end nu 't it my sels meirekketh wol 'k it net up eigen manneboet ofkarre.’ Nou, de mannen karre it ôf. Van Loon seit: ‘Ik stel foar dit protest foar “notificatie” oan te nimmen.’ (16 Jann. 1868.). D.B. Camstra en A. Noorderbroek skriuwe resp. ‘hearth bi 'th selskip naut thus’ en ‘Net to printsjen’. Liket Colmjon it stik opfette to hawwen as in regelrjochte oanfal op it Winterjounenocht dêr't hy letter ek oan meidien hie, better, liket my ta, hat J. Troelstra it foar 't forstân. Hy skriuwt: ‘It “Protest” fen vdVeen liketh to slaen up it selscip “riucht end sliucht”, dat, sa ik mien, to AEkkerwald bistieth ef bistien heth. It kumt my minder gued foar um sukke stikken in de wirken fan 't selscip up to nimmen 'nd buppedam is 't nou, nei sân jier, to let um it “protest” iëpenlek to dwaen.’
| |
II.
Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts bigounen mei har Winterjounenocht yn 't lêst fan 1860. Yn Nov. droegen se foar op 't Hearrenfean, de 6de Des. to Dokkum, de 10de to Ljouwert. Yn Jannewaris 1861 folgen Beetstersweach, Eas- | |
| |
terwâlde, Snits, Wurdum, Jorwerd. Rounom wie it sukses enoarm. De kranten skreauwen der mei lof oer, de sprekkers waerden as keningen huidige. 26 en 28 Febr. wiene de Lemmer en Wâldsein oan bar. Doe lykwols, wie 't út foar dizze winter.
3 Maeije fan itselde jier kaem by Cuperus to Boalsert yn it ljocht: ‘Frîske Winterjoune-nocht. Rîm en Onrîm fen Waling Dykstra en T.G. van der Meulen.’ It wie de samling stikken dêr't hja dy winters mei de boer op west hiene.
Yn it Hollânsk tydskrift ‘De Tijdspieg'el’ fan 1862, diel I, bls. 290-295 stiet in yn it Hollânsk skreaune krityk fan ‘een Fries’ dy't him H.G. neamt, in krityk dy't yn guon opsichten lang net noflik is. De skriuwer bigjint mei in biskriuwing fan de winterfornoegens op it Fryske plattelân. Mei iis is der fordivedaesje by de rûs, mar yn iepen winters binne dingen as it optreden fan de twa Fryske skriuwers tige wolkom: ‘'t Was iets nieuws in Friesland: een industrie op letterkundig gebied’. De algemiene byfal trune de foardragers oan, har wurk yn it ljocht to jaen en H.G. forfettet: ‘Of dit verstandig is geweest van de heeren Waling Dykstra en van der Meulen? Zij zullen ook wel weten dat niet alles wat met genoegen en toejuiching gehoord wordt, daarom juist voor de pers geschikt is.’ It biswier fan de resinsint is dus net dat de stikken foardroegen, mar dat hja printe binne. De Winterjounenocht as sadanich hat er neat op tsjin, hy fynt der sels in protte yn to priizgjen: de geast, de algemiene strekking: ‘De Friesche taal is geliefd, de onderwerpen zijn uit het dagelijksch leven genomen, de strekking is om deugd en goede zeden te bevorderen.’
De stikken fan Waling seit er fan dat se jowe ‘weinig meer dan droge redenering, die alleen door eene levendige voordracht, in 't friesch en op rijm, de aandacht der hoorders zal hebben kunnen boeijen.’ ‘....eenige verheffing, eenigen gloed, ware poëzij, eenige schildering, die redenering en betoog afwisselt en op de verbeelding werkt, zoekt gij in de stukken van Waling Dykstra vergeefs’ (ik printsje skean, A.W.), al moat tajown wurde dat der hjir en dêr ‘nuttige opmerkingen en waarschuwingen’ foarkomme en dat Dykstra in iepen each hat foar de brekken fan syn tiid ‘en poogt ze met loffelijken ijver te verbeteren’. Better is by H.G. it wurk fan Tsjibbe Gearts, mei ‘meer levendigheid en afwisseling, met warmte en gevoel’, gefoel foar it pikante en foar de antithese, ‘goede grepen en waarlijk schoone g'edachten.’
| |
| |
De resinsint bislút mei de winsk, dat de foardragers ‘aan Frieslands bewoners nog menigen genoegelijken Winteravond mogen verschaffen’, mar-trunet har net oan ‘om de voorgedragene stukken telken reize in 't licht te geven’, en jowt in mannich oanwizingen dêr't de hearen har foardiel mei dwaen kinne.
* * *
Hwa is de skriuwer fan dizze krityk? Dr M. de Jong nimt op s. 113 fan ‘Het geheim van het Oera-Linda-boek’ oan: Eelco Verwijs. En op hokker grounen? Winliken allinnich omt Verwijs twa jier letter (yn 1864) yn ‘De Gids’ in skimpskoat docht op 'e Winterjounenocht en dêrby in wurdkar brûkt dy't ticht by dy fan H.G. stiet (ntl. de rigel: ‘Stoutheid, verheffing, eigenlijke vlugt, die U gloeijende verzen geeft, g'e zult ze bij haar vergeefs zoeken’ - de J. printet skean; fgl. mei boppesteand skeanprinte sitaet fan H.G.) èn om it feit dat Verwijs 4 jier letter (yn 1866) seit dat er gefaer rint foar H.G. oansjoen to wurden, sûnder útslútsel to jaen. Beide grounen lykje my swak ta. De oerienkomst yn wurdkar bitreft tige tradysjonele wurden dy't yn dy dagen elkenien brûkte dy't oer poëzij skreau, wurden abslút sûnder ien inkeld persoanlik aksint, klearebare resinsinte-klisjé. Men kin se op elke side fersebisprek yn elk Hollânsk tydskrift fan 'e midden foarrige ieu by boskjes opfandelje. En dan noch: as Verwijs yndied de skriuwer wêze soe fan de krityk fan 1862, dan soe hy as consciëntieus wittenskipsman dochs wol alderearst yn 1864 ris neigien hawwe, hoe't er earder oer dyselde dingen skreaun hie en der foar oppast om dat nou wer yn deselde wurden to dwaen, binammen as er reden hie om yn '64 net wêze to wollen dat er sels de H.G. fan '62 west hie.
Ek it twadde biwiis fan Dr de Jong liket my net sterk ta. Oannimme dat immen eat dien hat, omt er net rjochtút sizze wol, dat er it nèt dien hat, - men kin mei 't selde rjocht oarsom konkludearje!
Der is net de minste reden om oan to nimmen dat Verwijs deselde wie as H.G. It stik is net skreaun yn de styl fan in akademikus, fan in learaer yn 'e moderne talen, dy't yn datselde jier archivaris-bibliothecaris fan Fryslân waerd. Nim in rigel as: ‘Intusschen zij hebben er prijs op gesteld, dat ieder die hen hoorde in de gelegenheid zij om nog eens na te zien wat zij gesproken hebben, en zich opnieuw dien aangenamen avond voor den g'eest te brengen.’
| |
| |
Boppedat: hwer helle Verwijs it pseudonym H.G. wei, wylst er witte mòast (wie 't allinnich mar as lid fan de krite Ljouwert fan 't Selskip dêr't van der Veen ek lid fan wie of fan west hie), dat der yn Fryslân in bikend dichter wie hwaens foarletters dyselde wiene, dat gjin minsk oars tinke soe as van der Veen wie de skriuwer.
* * *
Dr Wumkes nou tikket yn syn ‘Paden’ I, 178 Dr de Jong op 'e fingers en wiist as skriuwer fan de H.G.-krityk oan Hjerre Gerrits van der Veen, op groun fan it feit, dat dy dat pseudonym letter mear as ienris brûkt hat yn 'e ‘Friesche Courant’. Nou is it in feit, dat men de letters H.G. ek allinne dêrre oantreft. Yn tiidwurkjes haw ik mar ienris dizze letters moete dêr't hja nei wierskyn de oantsjutting foarmje fan wurk fan van der Veen, ntl. yn it ‘Frysk Almanak, foar it Jier 1847’, bls. 45, gâns in set earder dus. Mar van der Veen kin en sil syn reden hawn hawwe om net al to iepenlik as de skriuwer fan dizze krityk bikend to stean, ek al moat er witten hawwe, dat er der foar oansjoen wurde soe.
Interne biwizen foar van der Veen syn auteurskip binne der net, noch hwat de tekst noch hwat de styl oanbilanget. Van der Veen syn Hollânske journalistyk hat lang net dy persoanlike aksinten as syn Fryske, dy't men der fan fierrens út ken.
By einbislút soe as (negative) oanwizing ta van der Veen syn auteurskip jitte bybrocht wurde kinne, dat yn 'e registers op 'e ‘Paden’ noch op 'e ‘Bodders’ noch op 'e ‘Stadsen Dorpskroniek’ fan Wumkes in Fries mei de foarletters of de initialen H.G. foarkomt dy't yn steat achte wurde koe de H.G.-krityk skreaun to hawwen.
Ien mei oar meije wy yn earsten Wumkes syn oanwizing wol foar wier oannimme. Unthâlde wy fierder noch, yn forbân mei it earste diel fan dit artikel, dat H.G. fan himsels seit, dat er ‘geen hoorder, maar een lezer is geweest’, dat er dus, alteast foar it skriuwen fan syn krityk Walingom en Tsjibbe Gearts net op 'e planken sjoen hat, dan kinne wy ús konklúzjes opmeitsje:
1. It is net wier, dat it ‘Protest’ slacht op 'e Winterjounenocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts. Yn 'e ‘Tijdspieg'el’-krityk forklearret H.G. dat er harren net optreden sjoen hat. Mei it wurk fan de beide foardragers is er
| |
| |
pas yn 'e kunde kommen nei it útkommen fan de boekútjefte (Maeije 1861).
Van der Veen syn rymstik slacht op interne forhâldingen yn it ier-forstoarne Damwâldster Selskip ‘Gysbert Japiks’.
2. De ‘Tijdspiegel’-krityk is net in krityk op 'e Winterjounenocht fan dy mannen sels, mar op it útjaen yn boekfoarm derfan.
3. ‘Protest’ en ‘Tijdspiegel’-krityk kin men dus net, lykas Wumkes docht, neame yn ien sike as lykoprinnende uteringen mei gelikense strekking.
4. Dat nimt likegoed net wei, van der Veen (ytlike rymstikken wize dêr op) hat it mier hawn oan dy Winterjounenocht dy't it Frysk brûkte foar leffe setten en grappen en grollen en de memmetael forlege ta in plomp boerefrysk dêr't de stedtsjers har mei formeitsje koene. It Frysk wie him in saek fan hillige earnst en de Winterjounenochtkeningen kamen dêr faeks mei har konsessys oan it publyk net earlik oan ta. Van der Veen syn eigen ‘winterjounenocht’ (Nuts- en Krite-bydragen) binne net better as dy fan de oaren, litterair bisjoen, mar hja griepen, yn al har ûnmacht oer de stoffe, heger en fergen mear fan 'e harker. Dat mei al blike út it feit dat J. Troelstra en Gerben Colmjon in alhiel forskillende ynterpretaesje hiene fan ditselde stik Vanderveensk Winterjounenocht, it ‘Protest’....
|
|