De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 108] [p. 108] Sybe Sybesma: Iensumheit. As op in ljochte simmerdei myn herte yn 't tsjuster finzen is, as ik myn lea net fine mei, in leechte yn myn tinzen is, de blom dy't bloeit, it djier dat djoeit, al 't libben bûtensletten is, hwa nimt it kwea dat ik de dea my winskje, nou't forgetten is it lang forlerne paradys dat ferve oan myn jonkheit joech nou't oerbleau út myn reisvalys inkeld de roede dy't my sloech al dizze lange nachten lang dy't ik op tocht bin sûnder doel - it lânskip? skimich silhouet - ik fyn myn einich hurdsté net en swalkje yn 'e tsjusternis as yn in klamme finzenis en langje nei in lân dêr't soel de westewyn myn holle omsoeit - ik bin de lijten langer bang, draech freze foar it moarntiidsrea - hwat gloeit, to let, dy prille gloed? ik fiel it krimpen yn myn bloed en ha de macht net ta in bea en, iensum, sjong ik wurch en wrang myn swannesang oant ik yn 'e ein forlossing fyn oan 't lêste fjûr, dat néi glóeit.... yn dyn pea: de dea. Vorige Volgende