| |
| |
| |
P. Wybenga:
De trou biliden.
Greatsk en sterk en moedich stiet er tusken de lytse ledikantsjes dêr't syn bern yn lizze. Efkes hâldt er distânsje en sjocht fan 'e iene nei de oare, krekt as wol er se tagelyk yn syn ûnthâld fêst lizze, sa't se dêr beide fredich sliepe. Dan bûcht er him oer de âldste en sjocht op it slûkhierrige kopke del. Justjes komt er oan har hantsje dat op 'e tekkens leit, mar Welmoed lûkt it fuort werom. Hy glimket. Dat fûl fornim! Net yn 'e hannen, net op 'e knibbel, net holpen wurde wolle, mar alles sels dwaen. Sels, sels, sels! en as 't net wol sa't Welmoed wol, dan spatte har fan grimitigens de triennen yn 'e eagen. Soarchsum bistoppet er har, glydt mei syn hân noch efkes oer it wetige, hast hwat nijsgjirrige kopke en bûcht him dan oer it oare bedtsje hinne.
Sa wis as Welmoed is, sa wif is Willy. Har mûtele earmkes geane hast biskûl ûnder de krollen op it kessen. Hy kin it net litte en triuw syn finger yn it droech-waerme knûstke. Willy wart dy net ôf, mar krijt en hâldt him stiif fêst.Nea liker as fielt se dat heit har beet hat, har sterke heit, dêr't foar sa'n earmelytsen rêst en feilichheit by to finen is. Krekt as ûntspant se har nou hwat yn 'e sliep.
Foarsichtich makket er syn finger wer los. Willy wurdt hwat ûnrêstich; sil se wekker wurde? Dan giet it sykheljen wer evenredich troch. Súntsjes docht er it ljocht út en de doar ticht.
As er ûnder komt, is Lamkje al yn 'e gong. Ynbleek is se. Triennen steane har yn 'e eagen en har lippen trilje.
‘Reitse, toe, kinst nou fannacht net thús bliuwe?’
‘Mar fanke doch’, seit er; ....mar dan hinget se him al snokkerjend om de hals: ‘Toe ju, toe, doch it, doch it om my, ik wol dy net misse, ik kin dy net misse, doch it om de famkes....’ Lamkje gjalpt it der út en skriemt as in bern.
‘Famke, myn Lamke, dou moatst sa net....’, mar al syn gewoane praten en it meitsjen fan de wenstige maneuvels om har to bidimjen, is om 'e nocht.
Dan makket er har hannen los. Djip sjocht er har yn 'e gril steande eagen, hwer't him in ûnbidige bangens út to
| |
| |
mjitte slacht: ‘Hark ris, Lamkje, ik kin joun net thús bliuwe. Alles is ôfpraet en de jonges wachtsje. Mar gefaer is der fannacht suver net by. Alles is goed birekkene en bipraet. It kin net mis gean, Leau my, moarnier om fiif ure krûp ik wer by dy op bêd. En.... ik ûnthjit it dy.... ik sil der tonei nachts sels minder op út. Astû bist lyk as nou, sa bang, kinstû it net folhâlde en.... ik.... wy.... kinne dy ek net misse.’
It is krekt as hat syn rêstige, waerme, djippe stim doch hwat ynfloed. Lamkje ken dit wisse praet: hy giet it wankende gefaer, dy freeslike driging dy't hja nou al as werklikheit fielt sûnder it omskriuwe to kinnen, yn 'e mjitte. Hja kin him net tobekhâlde fan hwat hy sjocht as syn plicht; wol it einliks ek net, hja is der hast greatsk op; en dochs.... Mei in frjemd en triljend lûd seit se, en it is as sil har hert barste: ‘Reitse, ik fiel it, ik wit it.... fannacht.... O, en ik kin dy net misse! Mar gean; God mei dy biwarje.’
Dochs duorret it noch wol in minútmannich foar't er giet.
* * *
Mei lange fearjende stappen giet er nei de garaezje. Frjemd, sa slim hat Lamkje it oars net. Krekt nou't der hast gjin gefaer by is. Dan wie it lêsten al oars en doe hie se der sa kalm ûnder west.
Och, sterk hie se altyd al net west. Gauris hie er tinke moatten oan in pykje of oan klimop. It hie nammers syn idéael ek altyd west, foartyd, en hy hie in frou út tûzen. Mar sûnt er sa sterk en selsstannich wie as er as jongfeint al wêze woe, koe er soms doch wol wolle dat er hwat mear tsjin him oer hie, mear forset fan har krige en dat se yn dizze tiid hwat mear nêst him stie, hwat flinker wie.
Al fan de tiid ôf dat se Willy forwachten, wylst hy ûnder tsjinst wie, wie it minder wurden. Yn Mill hie er lein mei de oarlochsdagen en fjochtsje moatten. Lamkje hie doe alles allinnich trochmeitsje moatten, ek de bifalling. De oare deis wie er thús kommen. It famke wie Wilhelmina neamd en dy namme hie in program west. Mar sûnt dy tiid koene Lamkje har eagen sa gril stean, sa skrikeftich en bang. En Willy wie krektlyk....
Mar koe er oars? Moasten dy arbeiders dan mar nei Dútsklân? Moast er dy Joaden dan mar ôfslachtsje litte?
| |
| |
Wie neatdwaen dan gjin collaboraesje mei de divel sels? Mocht er harren dy't ûnder de moardners forfallen wiene foarby gean sûnder to helpen? Né. Jong en sterk wie er. Fjochtsje koe er, woe er en soe er! Minsken helpe en Hitler ôfbrek dwaen. Hie er lêsten net....? Hwat sille dy Dútskers flokt hawwe, doe't hja dat to witten kamen! Efkes hippele er op 'e stripe.
Doch forfelend, dat Lamkje der net oer kin. Har bangens boaze oan. Slim, hoe oerstjûr as se niis wie, se kin der wol hwat fan skypje. It wurk sil hwat lichte wurde moatte.... to'n earsten alteast.
Hark, dêr slacht de klok tsien ûre. Moai op tiid.
* * *
Alles wie prachtich forroun. Achter yn 'e wein leine tûzenen bonkaerten, tawizingen, losse bonnen, stimpeltsjes en - dêr wie skreauwend forlet fan - persoansbiwizen. Reitse hie wol gelyk hawn: gefaer wie der net by. Lamkje har bangens hie om 'e nocht west. Noch in heal-ûre riden, dan wie alles to plak. Gjin poep dy't it dan wer foun.
Skerp nimt Reitse alles noch efkes op. Dan rint er op 'e achterste wein ta. ‘Alles klear?’ As ien man sizze de fjouwer jonges: ‘O.K., Hille!’
It lûkt hwat, mar alle fjouwer ruten steane iepen. De jonges laitsje. Trije sitte mei har ‘kanary’ yn 'e hân. Dy fan Klaes leit op 'e bank tusken de ljisken. As de Dútskers alris contrôle hâlde wolle, sil de foarste wein ôfremje, oant er har in pear meter foarby is, om dan wer fol gas to jaen. Mar dan sil der út de twadde wein sketten wurde, omraken!
Licht en greatsk stapt Reitse nei syn eigen wein. Dy jonges kin er op rekkenje; dy binne trou! Se sille letterlik foar him troch 't fjûr gean. En in healjier forlyn koene hja him net iens.... Frjemd is soks.
Dan skout er nêst Renée en slacht de motor oan. ‘Brr, hwat is 't kâld’, huveret it fanke en skeukt hwat tichter nei him ta.
‘De jonges sille dêr wol mear lêst fan ha as dou’, mient Reitse.
‘Ja, mar dou witst wol, Hille, ik haw Frânsk bloed yn my’, laket se koket werom.
‘Dou hoechst mei de skande fan dyn oerbeppe net altyd to keap to rinnen’, bislacht Reitse it nou ek mei de
| |
| |
gek. Mar dan freget it stjûr al syn omtinken.
‘It is sa wol to sjen dat ik in misdruk bin, bidoelst tink’, seit Renée noch. Dan flijt se har hwat tsjin him oan en sjocht nei syn slanke, sterke hannen, dy't mei it stjûr lykje to boartsjen, wylst hja de smelle tsjustere dyk delstrûze mei hast gjin ljocht yn 'e lampe. Klaes sil wer klauwen hawwe om meikomme to kinnen.
Wis en biret yn alles, tinkt Renée. De jonges meije wiis wêze mei sa'n lieder. As hy in plan trochtocht en útsetten hat, dan is der by de útfiering hast gjin gefaer en sels nimt er altyd de foarstap. In kearel út ien stik, noait bang, tûk yn it útrekkenjen en koel yn nuodlike sitewaesjes. In.... nou ja, siz mar fan in helt!
Eartiids barde soks allinnich mar yn boek of film. Dan koe se der ûren oer tinke, hoe't se de helt, har helt, bystean soe, him helpe, him oanmoedigje om fol to hâlden. Gefaer? Hwat frommis soe gefaer sjen en bang wêze mei sok in man?
Bihalven Lamkje dan fansels. Dy is altyd stjerrende binaud. Ynpleats dat se greatsk op Hille is, leit se altyd mar to kliemen en to skriemen. Hoe komt sa'n man nou oan sa'n wiif. As se nou noch kreas wie en postuer hie, dan koe men it jin noch yntinke. Mar it is mar in meager hantsjefol mei in evenredich, mar neatsizzend gesichtsje. Nou ja, Hille moat altyd it earmelytse helpe, mar je kinne doch net út meilijen trouwe? Lamkje hat altyd in wouterke west en nou in great skiep....
‘Oeh, hwat is dat....?’ skrillet Renée ynienen op.
‘Neat ju, in hazze sprong oer de dyk’, seit Reitse rêstich, en dan soarchsum: ‘dou koest wol hwat lêst hawwe fan dyn senuwen.’
‘Hielendal net. Ik siet to drôgjen oer oare dingen en doe seach ik ynienen hwat. Mar ik jow my wol wer del, hear’. En noflik skikt se wer hwat tsjin him oan.
Altyd moat Hille noed stean fan in oar. It is soms hast krekt as wol er alle lijen fan oaren meidrage en foar alleman soargje. Mar foar him soarget net ien. Dat wiif dat it dwaen moast, freget rjochtoarsom noch dûbeld omtinken fan him.
Noait praet Hille der oer, mar hy moat him dochs wol ris slim ûngelokkich fiele mei sa'n wiif. As minske en as man. En is der ien, dy't mear rjocht op soarch hie as Hille, dy't alles foar in oar docht en noait hwat freget? Altyd
| |
| |
fol plannen en yn spanning, mar noait in eagenblik lins. Thús it alderminst. Né, it kaem Hille ta dat er in wiif hie as.... nou ja, as hjasels. Dan gyng se lykwols mei him op avontûr, lyk as nou, mar dan jouns net wer by elkoar wei ....Dan foar him soargje, alles jaen en alles krije, en alle spanningen ôfreägearje yn syn sterke earmen....
De huveringen geane Renée oer de rêch, en ûnwillekeurich dûkt se noch tichter tsjin Hille oan.
‘Hwat nou, Belle, bist sa kâld?’
Hark, hy hat in kûsnamme foar har foun!
‘Né, it is krekt oars. Ik tocht oan hwat en dat makke my waerm fan binnen’.
‘Kin 'k my wol yntinke. It is wer bêst gien en wy binne de kommende moanne wer út 'e niten. It measte kin noch nei Hollân ta. Dêr sitte se hwat yn 'e pine, hoe't it dizkear komme sil, nou't se yn Amsterdam sa'n klap krigen hawwe’.
‘Wy moatte der al hwat tabaksbonnen út hâlde, hear. Wy sitte sa krap’.
‘Dy hâlde wy dizkear allegearre. Der binne net folle by, haw ik wol sjoen. Sjoch, hjir hawwe wy Heechterp al. De jonges litte ús al los en ik sil de ljochten nou ek mar útdwaen. Tink efkes mei om de homeije’.
Dêr is de reed al en dêr de pleats. De greate skuordoarren steane al iepen. Efkes letter docht Reitse de doarren ticht en bringt de bût troch it heafek ûnder de golle. De falske nûmerbuorden komme op itselde plak.
It is noch foar ienen. Alles is neffens it plan forroun.
* * *
Yn de moaije keamer fan Swierstra húsmannet sûnt fjirtjin dagen Renée. As se thús is tominsten en dat is se net folle, hwant in koerierster is meast op paed.
De waermte slacht Reitse tomjitte as er der yn komt. Mei hwat fan in sucht jowt er him yn 'e hege leuningstoel. It is krekt as glide nou earst alle spanningen en soargen by him del. Hy is bliid dat it wer dien is.
Sa komt Renée de keamer ek yn. Hja hat in oare jurk oanstrûpt, tinkt Reitse. Side stiet har goed.
‘Wy moatte mar ien fan Meekma keapje, net? My tinkt, dy hawwe wy wol fortsjinne. Lit my dy joun ris frijhâlde’.
| |
| |
‘Nou, ien soe net sa gek wêze, mar ik moat aenst wer ride, dat wy dogge kalm oan’.
Renée skaeit al yn in kast om. ‘Wolst der ek in woarst by hawwe, of in stik tsiis? It is allegearre earlik slûke, hear, en dou dochst der gjinien mei tokoart. Wy kinne it doch hast allegearre net út it swiet en ik moat ek hwat om myn ‘lijn’ tinke, nou?’
‘'k Wit net’, seit Reitse, ‘ik bin wol hwat ladderich, mar haw doch perfoarst gjin sin oan iten. Earst mar ris in slokje. Faeks komt dan it oare wol’. En wilens tinkt er, dat Renée ek om har jurk wol hwat oppasse mei by 't iten, sa strak sit dy der om. Mar hy hat gjin kriich genôch om it to sizzen.
Yn in feech hat Renée alles klear en skikt dan op 'e divan, dêr't se ek op sliepe moat, Nei fjouweren earst, hwant earder kin Reitse net ride....
In oannimlik fanke, tinkt Reitse, wylst er him hwat nei de rêst jowt. Handich en hûshâldlik, en dochs pûr geskikt foar it slopende koerierswurk. Libben, koartswilich, en float, mar dochs mei djippe grounen, dy't men noait alhiel bidjipje kin. De jonges meije har net sa graech lije. Soe se harren to folle oermânsk wêze? Faeks binne de jonges hwat fan in ienfâldiger slach. Renée is ien, dy't it libben wol oankin. Se kin tige mei minsken omgean en is altyd like noflik en gesellich. Hear har nou ek ris snakken, En dochs meije de jonges har net lije, Binammen, dat se wolris mei de Dútskers omgiet is harren raer yn 'e wei....
‘Moatstû moarn ek wer nei Zimmermann ta?’ falt Reitse har ynienen frij batsk yn 'e rede.
‘Siz mar rêstich fan hjoed, Hille, it is al moarn. Ja, ik haw mei him ôfpraet yn it ‘Gouden Wagentsje’. Ris sjen oft ik ek hwat to witten komme kin oer Marten en oer hwat Schmeltzer wer op priemmen setten hat’.
‘My tocht, dou moatst der nou mar mei ophâlde. Dit contact hat syn fortuten wol dien, mar it wurdt nou minder, of leaver, it is nou sa geld as in okse. Kin Zimmermann ek hwat rûkt hawwe? Ik mei dy wreed-sentimintele kearel net lije mei syn mâlle kop’.
‘As in blomkoal dêr't de wjerljocht yn slein is. Mar ik moat noch folle mear laitsje om syn bûkje. Krekt in ôfdakje op twa pylders, dêr't ús âlde Ford wol ûnder skûlje kin. Mar ja, wy kinne him wolris wer nedich wêze. Hwer- | |
| |
om sille wy him slûpe litte? Hy wit neat. Hy docht noch altyd sa grien’.
‘Krekt, dêrom. Ik haw forantwurdlikheit, foar dy ek. Ik soe net graech wolle, dat er dy tonei kaem en as er it mâl fel oan hat....’
‘Mar hwat mienste, dat er dêr de kâns ta krijt? Dy âld gek! Ik kin him sa lekker oerstjûr meitsje, mar pas wol op. Soms is er dûm fan lilkens, mar letter dan yt er wer út 'e hân en hopet....’
Ja, sok nytgjen, dêr is se wol ta yn steat, tinkt Reitse, wylst er har opnimt. Dy jurk sit der om as wie hy der om getten. Alle foarmen komme der op in raffinearre wize yn út. Dy sterke, slanke skonken, dy hwat rounjende knibbels, it lit in goed ûnthjit riede....
Hè, hwat skeelt him joun dochs. It is krekt as is it him hjir hwat to waerm, as rint it soms hast in bytsje troch elkoar. Dat kin net komme fan dy twa slokjes.... Sjoch, nou skikt se hwat nei foaren om de romer to krijen. In strak sittend stikje rose side stekt him yn 'e eagen, it irritearret him. Sok ûnderguod is ek op 'e manlju birekkene. Nou smyt se mei in hege swaei de jurk wer oan 'e út elkoar steande knibbels ta. Hark, se hat it ek oer ûnderklean....
‘....it wie it alderprachtichste guod dat je nearne mear krije kinne: in kamisoaltsje, in directoir en in ûnderjurk. Dat wie allegearre foar de faem, dy't him, âld man, it libben yn in frjemd lân noch hwat draechlik makke, sei er sentiminteel. Gnyskjend kaem der efteroan, ik moast it fuort mar efkes passe. Nou, doe soalde ik him it hiele spul nei syn mâlle kop en hy mar laitsje om myn lilkens....’
Sjoch har dêr nou ris sitten, oermoedich, útdaegjend, de gewante bleate earms boppe de skouders en de hannen yn 'e nekke. In kleur as in roas fan 'e waermte en it slokje en in pear eagen mei ûnwittene djipten. Nou krijt se de romer wer, mei deselde maneuvels as sakrekt. Mar dou hast it oan, âlde, tinkt Reitse, en dou witst dat it dy goed stiet. Se koe nammers wol mear witte. Soe se merke dat ik nei har sjoch? Is se sa sûnder bisleur of is it raffinemint? Mar né, se praet mar troch.
Hwat in frommis, hwat in lôge. Sa hat er har noch noait sjoen. Sa sil Zimmermann har wol faker sjen as se mei him toanielspilet. Mar dat kin er net daeije, safolle moais yn 'e wrede hannen-as-slaeijen fan dy forrekte
| |
| |
nearboarstige poep mei syn barge-eachjes. Yn syn kop wurdt it in tizeboel en yn 'e stoel kin er it net mear úthâlde. Dit fanke.... Renée....
Mei grimitige stappen rint er de keamer op en del. Hast yn in tsjoen barst er út, wylst Renée midden yn in forhael is: ‘Ik wol it net mear. It sil út wêze. Dy bierbealch kin om my ploffe, mar ik wol him net mear by dy ha. Dou....-dou.... bist my dêr to goed ta, Renée. Ik kin it net mear forneare, net forkropje. Ik sjit him foar de kop as er oan dy komt’.
Hymjend bliuwt Reitse foar har stean en sjocht har oan. Renée komt it suver oer 't mat, dat er sa oandien is, mar se hat de saek folslein yn 'e hannen. ‘Hille’, seit se sêft, ‘dou hast it hwat to drok hawn. Dou bist wurch en hwat oerspand. Moarn sjochst it allegearre wer oars. Gean hjir mar efkes rêstich sitten en dou kinst hjir ek wol hwat slûgje. Ik pas wol op 'e tiid.’
Renée is ek oereingien en stiet nou foar him. Sêft wol se him op 'e divan deltriuwe, mar ynienen fielt se har as yn in skroef biknypt, wylst hymjend en wyld in mûle om har lippen siket. Dan kreunt se it út, mar net fan pine, en willeas lit se har meitroaije nei de swetten fan de tiidleasheit.
* * *
Ut in lichte dodde skrillet Hille wekker en sjocht op 'e klok. Fjouwer ûre, it is syn tiid. ‘Hille’, heart er nêst him en longerjend skeukt Renée nei him ta. Mar dan is er ynienen klear wekker. Hast hwat rou makket er him fan har los. It is krekt as krimpt Renée yninoar en wylst er syn eagen hiel efkes by harres lâns gean lit, sjocht er dêr in frjemde gloede yn. Mar dan is er ek al fuort. As in sleine houn draeft er nei de auto en rydt as in wyld nei hûs. ‘Lamkje....’ kreunt er lûd op en yn it boarst kreaket it him.
Wilens leit op 'e divan in frommis oerstjûr to snokkerjen, mei de fuotten to skoppen en yn it kessen to biten. Wyld polsket har it bloed en mei elke slach bounzet it troch har hinne: forlern, forlern, foar altyd forlern. Alles is stikken. Hille hat har nommen yn in dwile rite en doe't er wer bykaem, har fan him ôfstompt. Hy hat har forsmiten en dy nuvere blei foar kar naem, dy sleauwe tutte, dy skriemende geit, dat ûnnoazel portret, dy bangeskiter, dy.... dat....
| |
| |
Dêr stiet de flesse; dêr steane de beide romers, beide noch fol. Beide slokt se yn ienkear leech. Dan noch twa - hwa wit, kin se dan noch hwat sliepe....
En as se om tsien ûre har foar de spegel hwat bywurket mei poeijer en f erve, sûzet it har tusken de tosken: Dat skepsel.... dat kring.
* * *
Einlings is it der dan dochs fan kommen en hy fielt it hast as in forromming. Krekt op tiid wie er warskôge. Lamkje en de bern wiene feilich; de portretten fan himsels hie er meinommen en twa greate fan de keninginne op de eareplakken hongen. Doe hie er by de oerbuorlju sjoen hoe't Zimmermann alles oan diggels sloech út lilkens dat it wer mislearre wie. Nou wie dan de kûgel troch de tsjerke, nou wie er frij en fûgelfaei. Mar se hienen him noch net!
Nuver, hoe oerstjûr as de jonges west hiene. Binammen Klaes hie skerp west. Altyd dat wantrouwen yn Renée, dy't alles weage en altyd foar him klear stie. Né, Simen soe wol praten hawwe en gjin wonder! It wie hjoed de tredde dei al en hy wie al twa dagen oanienwei mishannele. Bisten binne it.... mar hy sil syn maetregels nimme.... Moarn komme de jonges en Renée en dan....
Rjochtop stiet er yn 'e wenarke en rekt syn lang lichem dat de fûsten tsjin 'e souder stompe. Dan docht er de doar op 'e skoattel en leit syn beide pistollen klear. Einliks moat er der om laitsje, hwant nimmen wit hwer't er is. De arke tusken de turfheappen yn dizze wyldernis is boppedat allinne mar oer it wetter to birikken. Út gewoante lit er doch de galgen oan alle knopen fêst sitte en docht gjin pyama oan. Sa kin er yn in heale minút sjittendewei fuortkomme. Mar fan nacht sil er noflik sliepe.
Dochs wurdt er wekker en sjocht op it horloazje. Twa ûre. Hwer is er wekker fan wurden? Hat er hwat heard? Hark, hwat is dat.... in boat? Mar dan hat er de klean al oan en stiet foar it rút. Ja, dêr is hwat. Binne it turfdieven? Né, tsjin in lyts stikje kleare loft sjocht er in Dútske pet. Dus dochs. Nou is it dan safier.
Súntsjes giet er nei de doar en bisiket de skoattel der sûnder lûd ôf to skouwen: ‘Kommen Sie 'raus!’ Zimmermann! Yn it flits sjocht er wer dy frjemde gloede yn de eagen fan Renée. Mar op itselde stuit is der ien knal út
| |
| |
twa pistollen efter de doar, dy't beide de kant út wize dêr't dat haetlike lûd weikaem.
Reitse heart in gjalp en dan in gejammer. Rekke, mar net dea, giet it troch him hinne, mar dan is der al wer hwat oars. Beide ruten fan 'e arke wurde tagelyk ynslein. Noch ienkear knalle syn wapens en in man tommelt efteroer. Mar dan rottelt der in machinepistol en in flymjende pine sjit him troch it boarst. Mem.... Lamkje.... God.... forjow....
* * *
Dy jouns wachtet Zimmermann, de linkerearm yn in doek, yn ‘It Gouden Wagentsje’ om 'e nocht op Renée.
Dat is de jonges har skuld.
|
|