De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] O. Postma: By in foto fan 1925, doe't Slauerhoff syn earste greate séreis meitsje soe. Al Leechlâns jong poëtendom is dit, Foriene yn in wûnder sprekkend byld, - Foare-oan de haedpersoan, in nuver bern, Noch ûnbidimme, great fan mooglikheit: De oséaen foar 't waed; China en 't East Foar Hollâns eftertún en smel bistean. Dan Holst, in wizere mei djip forstean, As hwa? In jonge heit, in freon, mei him Hjir each yn each, it midden fan de ring. Dan Marsman as op springen, flits en flam Troch nacht en wacht. Dochs Hollân nei as ien; ‘Mar o de frezen binn' sûnder tal!’ Dan Bloem, in stiller gast: Sint Nikelsgea En Dapperstraat bliuwt it itselde net? ‘Deselde wolkens skouwe 't loftrom oer, Om d' iensme giet itselde wyngeroft.’ (Mar Skiente - o Menno - is foar d' iensme treast!) De oaren binn' sa nei my net; ik neam De séman noch op Grinzer coaster thús? Mar sjonger ek fan Spaenske Maria. De broer is út it Fryske Noarden komd; In heit dêrjinsen dreamt Napoleon. Vorige Volgende