[Nummer 4]
Meidielingen:
De Redaksje fan it Bretonske tydskrift ‘Al Liamm’ is fan doel om dizze simmer of hjerst in Fryslân-nûmer út to jaen, dêr't Friezen op allerhande gebiet oan meiwurkje sille, en hat de redaksje fan ‘De Tsjerne’ frege dêr de forsoarging fan op har to nimmen. Om't oan ien en oar kosten forboun binne (foar oersetten fan bydragen ensafh.), kosten dy't ús Utjowerij net op har nimme kin, dogge wy hjirby in birop op 'e Tsjerne-lêzers om foar dit doel, sa wichtich foar de representaesje fan Fryslân, in bidrach fan minstens f 1.50 by to dragen. It jild kin stoart wurde (leafst foar 1 Maeije) op giro 434958 fan A.S. Wadman to Snits. Wy sille de ynkommen bydragen op dit plak yn it Maeije-nûmer forantwurdzje. Der sil bisocht wurde om dyjingen dy't dit wurk stypje, in Fryslân-nûmer fan ‘Al Liamm’ ta to krijen. Wy hoopje tige dat dit birop op ús lêzers, foar dizze iene kear, net omdôch wêze sil.
De Redaksje.