Yn 'e fierrekiker.
Nochris The Raven fan Edgar Allan Poe.
De lêste bledsiden fan de foarrige jiergong fan De Tsjerne binne wijd oan it opsomjen fan de fortolkingen yn forskate Jeropeeske talen fan Poe syn masterstik, The Raven. Mear as tritich kear yn it Frânsk en fyftjin kear yn it Dútsk oerbrocht - né, der binne net sa'n protte fersen dy't de heislike Raef yn forneamdens oan 'e hakken kommé! Sels it Armenysk, Esperanto, Bretonsk hawwe it oandoarst en forarbeidzje it kunstich rymstik yn eigen idioom.
Om de nijsgjirrige rige hwat folsleiner to meitsjen folget it ien en oar oer in net-neamde oersetting, de Hollânske nûmer fiif. Men fynt him - raerdernôch - yn...... Een Reiziger in Vroolijkheid, bondel mei foardrachten gearstald fan de foardrager Willem van Zuylen, dy't wis ek wol fan Fryske priissprekkers brûkt wêze sil. It is in útjefte fan Holkema en Warendorff, om 1900 hinne, mei stikken fan Rosier Faessen en dat slach, mar dochs ek mei Oudste Wimpie fan Marcellus Emants. Op side 172-178 sjocht men Michel E. Barentz syn De Raaf, in strieminne wrakseling mei rym en mjitte.
‘Ha! profeet gij geest van twijfel! Of gij vogel zijt of duivel,
Als verzoeker tot mij komt of zijt gedreven door het weer:
Spreek! en ban de schrikgedachten, die reeds in die bange nachten
Vaak mij tot vertwijfling brachten - is er vereeniging bij den Heer......
Zeg, is troost voor mij nog mooglijk boven 't schittrend starrenheir?
En de raaf krast: ‘Nimmermeer’.
Forlykje dit mei it treflike Frysk, dat D.A. Tamminga fan dizze strofe makke (De Tsjerne, IV, side 293):
‘Raven’, sei ik, ‘wjokte wytger,
ûnheilsboade of stille nytger,
Yn God's namme en by de himelen
ús oerbôgjend elts foar oar,
siz my, stean myn siel to reden:
warret yn dat jinsene Eden
net in faem har sillichheden,
fan de ingelen neamd Lénoar?
‘Nea wer’ kreake it by myn doar.
Dat munsterje kin tsjin it Nederlânsk fan gjinien minder as Gerard den Brabander (1943):
Stomme vogel, ondier, euvel; zwijgende profeet of duivel!
Bij de hemelen daarboven; bij den God dien ik behoor,
Zeg mij - ik heb zwaar geleden - zit er in 't onvindbaar Eden
Niet een zalige en aanbeden maagd gevangen: Eleonoor?
Zit geen ijl en stralend wezen daar in 't Eden: Eleonoor?
‘Nooit meer’, kraste het in mijn oor.
Mar dochs, it moat de flagge strike foar it oarspronklike: