Bikrompenens fan eachweiding en breklik ynsjoch yn de wearde fan eigen kinnen hoege biskate artistike prestaesjes net út to siuten. En dit soe allegearre net sa slim wêze, as Barend syn wurd net by party ûnskuldige lju ek theoretysk gesach hie. En as Barend syn foarkar foar syn foarm fan toaniel, dat is: syn foarm fan cabaret, net nei foaren helle troch de cabaretkunst fan in collega efterút to triuwen. Ntl. dy fan Tetman de Vries. Barend Swart by ‘De Tiid hâldt gjin skoft’: ‘Dat wie ynoarder en slút oan by de Fryske geast’. (Jo witte wol, dy lullige Fryske geast fan ‘bolle sudewyntsjes waeije’ en ‘ik sil swa-a-rre......’.) Wis, mar mei cabaret hie dat ek suver neat to meitsjen. Dat wie revuekunst en yn syn simpelste foarm. Tetman is letter in oare kant opgien. En nou komt it, lêzer! Dy oare kant moat Barend fansels neat fan hawwe. Mar hy sil yn alle gefallen dochs de muoite nommen hawwe om der hinne to gean en in goed fundearre oardiel to jaen? Sjoch hjir hwat er seit: ‘Ik haw der net folle mear fan sjoen, mar men seit dat it al oars, mar net better wie. Ik leau, hja soene dat sels gauwernôch fornommen hawwe en weromtaest nei it ienfâldige.’
Dus: 1. Barend hat fan dat lettere wurk fan Tetman ‘net folle mear sjoen’. 2. Hy hat wol heard hwat ‘men’ (jo witte wol, ‘men’) der fan sei, en dat wie net folle goeds. 3. Ergo: sûnde en skande oer de holle fan Tetman.
Hwat de feiten binne: Tetman hat, omt de al to simpele revuefoarm fan syn earste stikken him artistyk net mear foldie, it yn oare wei bisocht, is yn 'e lear gien by prominenten as Sonnevelt en Kan, en hat bisocht syn kunst intimer, skerper, aktueler en flitsender, yn ien wurd: ta cabaret to meitsjen. Dat nat minder sukses hawn, dat wol my wol oan. Mar sukses is net altyd nûmer ien en ik kin it net oars as priizgje yn immen as er de moed hat de wei, dy't sukses garandearret, to forlitten om him liede to litten troch syn eigen artistyk gewisse, byneed de woastyn fan it forspuidwurden yn.
Mar ik haw it al bigrepen. Foar Barend bistiet mar ien graedmeter, en dat is ‘men’ (dyselde ‘men’ dy't sa fan boemerdeboemmei-‘sang’ hâldt?). En de kunstner dy't in eigen idé hat oer kunst dat het strykt mei de primitive kunstgefoelens fan ‘men’ is ta weismiten keard en moat in traep hawwe. Gjin earbiet foar immen, dy't syn sukses opofferje doar oan syn eigen artistyk forantwurdlikheitsgefoel. Mar knibbelje foar ‘men’ en dy de swietekau fan jins ‘Fryske geast’ om 'e mûle smarre. Hwant ‘men’ is machtich en de Klant is Kening. En wé oer him dy't bisiket, troch ynmoedich wrakseljen mei de matearje, dy ‘men’ in bytsje mear artistyk biwustwurden by to bringen, dy't bisiket it munster ‘men’ to temmen en it ryp to meitsjen foar de intimiteit, wé him, hwant hy kriget Barend, de Greate Ketterjager fan it Hillige Toaniel oan 'e hals.
Hawar, der lange Rede kurzer Sinn: foar Barend jildt mar ien evangeelje: vox populi vox artis. Dêr is alles mei sein. En men soe der om gnyskje kinne, as it net sa treurich wie en as it net yn ‘Frysk en Frij’ stie, dat al genôch ynfektearre is mei dizze geast fan ‘men’-oanbidding......
ANNE WADMAN.