folle oerhearsket en nei it sentimentele útskaeit. Ik neam b.g. it mei-inoar sjong'en fan Hartman en Getsje.
Is ek it Krystfeest net tofolle yn in sentimentele sfear set om noch tsjûgenis fan de wierheit to wêzen? Yn de bernelektuer wurdt, just as men op sokke groun komt, slim sûndige, In skriuwer mei in forantwurdlikheitsfielen as yn dit boek ta utering komt, mei men derop fergje, dat er op dit iis net útglydt.
Wy stelle de saek sa skerp, just om't wy hjir mei in berneboek to krijen hawwe, dêr't flyt op dien is. Dat blykt ek út 'e styl.
As yn haedstik XI Springer, de rébok, yn keninklike feart troch Gaesterlân dounset, dan fiert de skriuwer ús yn it rythme fan syn styl mei, greiden oer en bosken troch; wy spylje mei fan ruten as de amers fan de melkers bigjinne to ratteljen of de jagers op Springer syn libben loere. Hjir libbet de styl as in hart, wurdt skreaun mei in feart, dat men fornuvert jin earst neitiid oer greiden dy't grien binne fan bûterblommen.
Mar, as immen syn talint sa útkomme litten hat, dan is men bidoarn en kin men sokssahwat as op side 201 net mear fortarre:
‘In hiel doarp wrakselet mei yn de deadsneed fan de Baukema's. En de opjage séfûgels, dy boppe har hollen wjukkelje, krite rau en ûnrêstich. It liket wol, dat hja ek meisykje en kleije om it forlerne famke. Dat minske en dier, loft en ierde noch mar ien langst, ien need, ien rop hawwe: Richt.
De hieren soene jin oerein rize fan sa'n klachte.’
Yn elts gefal fan dizze âldmoaddrige, melodramatyske styl. Sa forret in skriuwer himsels as er forkearde paden giet. Hwant dizze hiele episoade oer it famke dat to siik rekke is, docht it min: Stiet hwat kealleleafde fan in Jolmer foar in Richt op itselde plan as dy fan in heit en mem foar har bern? Men soe it hjir hast tinke. Dizze lykskeakeling en dus devaluaesje fan wearden is nou krekt it slimme by in great part moderne bernelektuer.
Lit ús Fryske skriuwers dêrfoar op har iepenst wêze! In warskôging mei hjir lykwols net stean as lêste wurd. In krityk bliuwt - hy mei dan gunstich of ôfwizend wêze - in earesalút. Wy bislute uzes mei de konklúzje, dat Inne de Jong de Fryske berneliteratuer forrike hat mei in boek dat in earnstige krityk wurdich en, by einbislút, treast is.