‘Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd, mynhear.’
‘Moai! Dat ‘mynhear’ haw ik der lykwols net oan ta foege.... Hwat haw ik sein, Bulthuis? Sjoch my oan!’
‘Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd.’
‘Moai! Hwat haw ik sein, Grevelink?’
‘Skras my in greate trijehoek op it boerd.’
‘Mis! Ik haw sein: Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd.... Hwat haw ik sein, de Jongh?’
‘Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd.’
‘Moai! En hoe hat de Vries it heard?’
It antwurd wie lyk oan de oare.
‘En, Jo, van der Stok? Moai! En Jo, Meijles? Moai!’
‘En Jo?! En Jo?....’
Hy wie omtrint oan my ta. Ik fielde it bloed yn 'e slachier fan e kiel klopjen, myn rjochterskonk trille hinderlik. Ik fordom it, sei ik yn mysels, ik fordom it. Hy kriget my net safier, hy kriget my net.... my net....
‘En Jo, Nolthenius?!’
Ik waerd sà kjel by it hearren fan myn namme, dat ik gjin wurd oer de lippen krije koe.
‘Hwat haw ik niis tsjin Raat sein, mynhear Nolthenius?!’
‘Skras my in trijehoek op it boerd.’
‘Hea, dat 's aerdich.... Hoe? - Sjoch my oan!’
‘Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd,’
‘Moai! - Hwat haw ik sein, Gerlach?’
De antwurden kamen mei de regel fan in klok, allegearre lyk, alle sawn en tritich.
Nei de lêste fraech stoep er mei in gesicht fan ‘Der binne jit rjochtfeardigen yn Sodom’ by de fierste rige banken lâns nei foaren.
Doe lei er Bertus Raat, dy jit altyd mei it stik kryt by de lessenaer wachte, de hannen op 'e skouders en seach him sekondenlang mei in blik fan faderlik bigryp oan. It wie mûsstil yn 'e klas, elk harke, kaem my foar, allinne nei it bounzjen fan syn eigen hert.
Lang om let sei er, mei in amper to merkbiten irony:
‘En? - Hwat haw ik sein, myn soan?’
Bertus skau ûnrêstich mei de fuotten, waerd earst fjûrread en doe wyt om 'e holle. Elk houd de siken yn, elk hope, ta rjochtfeardiging fan eigen lefheit (dêr doar ik wol op swarre!) dat er sizze soe:
‘Skras my yntiid in greate trijehoek op it boerd’.
It duorre lykwols in ivichheit, ear't it antwurd kaem. Ik