De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 85] [p. 85] Dam Jaarsma: Hjerstmoarn to eastermar. Hjoed is 't sa stil, in maitiidsdei allyk, Dy't fan syn dimmen feest it hert fornoeget. De toer stiet heech yn 't wide, blauwe ryk, It tsjerkhôf, lûdleas yn 'e hage, slûget. De diken, kroane mei in gouden rea, Hâlde mei hoedzjende earm har pân omfette: De kampen lân, de rykdom fan it gea, Fordreamd, fan 't lette neijierslok oergetten. Binnen de brûnzen krage fan it reid Leit rêstich-bliid de Burgermar to blinken. Op dizze dei fan wûnd're freedsumheit Moat alle twivelriedigens forsinke. Hwa, dy't noch freegje koe nei libbens doel, As sinnekanteljend in giel blêd foel? Foar dy o dead.... Foar dy o dead gean ik net út 'e wei - As ienris oer myn wêzen 't smelle skaed In feale blekens lûkt, 'k sil sizze: ei, Lit dû my gean lâns dyn biwende paed. Ik koe dy lang, dû wiest my jimmer nei; Guon dagen hie 'k as dy gjin better maet. In tige sibbens tusken my en dy Hat my sa faek al ta dyn herte laet. Ien ding dat my fortret: Forjow my Hear - Is 't aenst sa fier mei my en 'k krij de wink - Dat ik as in ûntankbere net mear Weardearring fine koe foar Jins geskink Eb dat myn hannen ûnbitochtsum rôven De moaiste blommen út Jins Maeijehôven. Vorige Volgende