| |
| |
| |
P. Kalma:
Athene - Stratford - Rottefalle.
In Midsimmernachtdream fan William Shakespeare yn Fryske oersetting fan Dr. D. Kalma.
Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1949.
Klaes Dykstra hat yn it Tsjerne-nûmer fan April 1950 in goed foarbyld jown fan in sté dêr't Dr D. Kalma syn Frysk earmer is as it Ingelsk fan Shakespeare. Yn dat selde stik woe Dykstra der op út dat ‘Dr Kalma (in) by útstek persoanlik dichterlik idioom (hat), dat yn syn swierwichtigens en kunstmjittigens de subtile ûntroeringen net werjaen kin, om't it net út 'e folkstael wei sjit’
Ut Dr D. Kalma syn réaksje soe men suver opmeitsje dat Dykstra dêrmei yn 'e roas sketten hat. It gefaer fan soksoarte op harsels lang net minne formulearringen is lykwols dat hja krekt efkes to lûd beare en faeks helte mear ynslaen as dat gaedlik is. Hwant as men allinne troch Klaes Dykstra syn bril sjocht kin men Kalma syn hiele Midsimmernachtdream yn in omsjoch ta in karikatuer meitsje. Ik jow ta dat dy forlieding der is, hwant men kin jin dan grif útskriptis formeitsje, mar Dr D. Kalma docht men op sa'n manear ûnrjocht oan.
Lykas men in opera-componist der gjin forwyt fan meitsje moat dat er ryklik mei pathos arbeidet, sa ek kin men in toanielskriuwer net altiten mei it forwyt oankomme dat er in biskaet minimum fan kunstmjittichheit en forhevenens brûkt. De wrâld fan in toanielstik is nou ienris ek in slim stilearren-ien.
Nou is ien fan de opmerklike kanten fan Shakespeare syn geny dat dy syn stilearre wrâld jin tige natuerlik oandocht, sa natuerlik dat men somtiden suver forjit dat dy wrâld stilearre is. It soe lykwols dwaes wêze en fergje deselde genialiteit fan in oersetter. As men soks yn 't foar bitinkt, komt men grif ta in suverder wurdearring fan Dr D. Kalma syn Midsimmernachtdream as mei Klaes Dykstra syn cri de coeur sûnder mear.
It seit himsels dat de kunstner as in fyn fielend species fan it genus ‘homo sapiens’ slim gefoelich is foar hokfoar krityk ek, mar ik bin der fan oertsjûge dat Dr D. Kalma as oersetter; fan A Midsummer Night's Dream net yn noed hoecht to sitten.
***
| |
| |
De moaije oanrin fan de foarste dialooch jowt daliks great ûnthjit. Dy't fortroudernôch mei de oarspronklike tekst is, ûndergiet in gelikense tsjoen fan tael en alluere. Dat men freget jinsels ôf: Sil dit it hiele stik oanhâlde? Oer 't ginnerael sein: ja. Kalma hat syn opjefte treast west.
It is gjin toer en wiis in stikmannich lytse Schönheitsfehler oan, mar dêr sil men dan dochs ek wer hoeden mei wêze moatte. Sa kin men bgl. op himsels biswieren ha tsjin rigels lykas
Weits op de libb'ne, lyn'ge willegeast
(Awake the pert and nimble spirit of mirth)
mar as diel fan de dialooch kriget it in treflik effekt:
Theseus:
En puon d' Atheenske jonkheit oan ta nocht;
Weits op de libb'ne, lyn'ge willegeast,
En ban swiersettichheit nei 't tsjerkhôf ta;
Dy bleke maet heart by ús prael net thús.
Dr D. Kalma folget, lykas mear oersetters dien ha, mei earbied en tagedienens de grountekst. Net allinne hâldt er him moai krekt oan de fersmaet en it rymskema fan Shakespeare, mar - hwat faeks wol sa wichtich is - de tsjoen fan dy syn wrâld fynt men gâns fan yn in nij stal werom,
In selde wurdkar of ‘oplossing’ bringt jin wolris de Hollânske oersetting fan Dr L.A.J. Burgersdijk yn 't sin, mar dat hoecht jin by twa sa bisibbe talen gjin nij to dwaen. Nijsgjirrich is it dat Kalma hjir en dêr, al of net mei opsetsin, eat fan de klank fan de grountekst yn syn oersetting meiklinke lit:
(I, 1)
But herein mean I to enrich my pain
To have his sight thither and back again
Mar hjiryn achtsje ik dat foar leed ik win
Om't ik, dêr en werom, him wersjen kin
(II, 1)
I am that merry wanderer of the night.
Ik bin dy bliere swalker, nachttiids let.
| |
| |
Dat it Kalma net altiten slagget en hâld de lichte gong fan Shakespeare syn moaije, linige tael deryn, hoecht jin net to fornuverjen. Sa seit bgl. Shakespeare syn Helena:
O, teach me how you look; and with what art
You sway the motion of Demetrius' heart!
Kalma lit har sizze:
O lear dyn sjen my, hoe't dyn leafde wet
Sa kaem to hearskjen oer Demetrius' hert.
Kalma syn tael is ryklik steatlik. Yn Shakespeare syn steatlikens sit altyd jit eat fan boartlikheit, it docht jin alteast mear fanselssprekkend oan. Ik haw wolris it gefoel dat Kalma it krekt ien biskiedende nuance to ‘moai’ seit:
And the imperial votaress passed on,
In maiden meditation, fancy-free.
En dy rykshege, wijde faem, fan hert
Jit frij, teach fierder, yn harselme keard.
Perfoarst net elegant is it, as Hermia oan de ein fan in boartlik petear seit:
Bliuw safier út 'e reek; en freon, goe-nacht;
Hâld trou dyn leafde aloan, oant libbens nacht!
as men wit dat hja yn it Ingelsk seit fan
So far be distant: and, good night, sweet friend:
Thy love ne'er alter till thy sweet life end!
Alliteraesjes binne wolris literairdernôch. In aerdich foarbyld fan ‘funksjoneel’ forantwurde alliteraesje fine wy yn it foarste toaniel fan it twadde bidriuw:
Then slip I from her bum, down topples she,
And ‘tailor’ cries, and falls into a cough:
And then the whole quire hold their hips and laugh;
Kalma alliterearret hjir ek omraek en yn it optein forhael fan de fleurige biisfeint Puck is it effekt tige:
Dan glyd ik fuort, hja falt op 't gat, slim kjel,
Ropt ‘skobbert’ en ‘skarlún’ en kibbet kwea,
Dat elts fan 't laitsjen skodzje liif en lea.
Kalma syn bihearsking fan it Fryske idioom hat gâns passaezjes ta risseltaet dêr't men fan seit: Sa en net oars: (III, 2)
Captain of our fairy band,
And the youth, mistook by me,
Pleading for a lover's fee.
Shall we their fond pageant see?
Lord, what fools these mortals be!
Stand aside: the noise they make
Will cause Demetrius awake.
| |
| |
Then will two at once woo one;
That must needs be sport alone;
And those things do best please me
That befall preposterously.
Féelieder, ljocht en kein,
En de feint, troch oarmans lot,
Neamt har al syn leafste skat.
Wie 't gjin nocht en strún hjir hwat?
Hear, dy minsken, hja bin sot!
Stil, oan igge; har petear
Wekket wis Demetrius klear.
Dan ha twa op ien bistek,
Dat is wille, en wûnder ek;
Neat dat my sa'n nocht dwaen kin
As sa'n hispelbryk birin.
Soms krij ik de yndruk dat Dr D. Kalma justjes renar omtinken hat foar in moaije as foar de it karakter krekt typearjende oersetting. Der binne lykwols dy't ek fan datoangeande har gerak krije. Sa bgl. Puck (fgl. ek it krekt oanhelle fragmint) en net to forjitten de hantwurkslju, mar hoe soenen dy ek yn it Frysk mislearje kind ha? De toanielen dêr't hja yn forskine, achtsje ik folslein lykweardich mei it oarspronklik stik. Hoe masterlik is bgl. njonken Klaes Klos ek de slûchslimme organisator Piter Kwie mei de pear teksten dy't er to sizzen hat typearre.
Ek yn de wurdearring fan it stik dêr't Dr Kalma de ynlieding ta dizze útjefte mei forrike hat, falt it jin op, dat er mear each hat foar de ideéle eftergroun fan it stik as foar de concrete toanielwrâld. Sa hie yn dizze wurdearring dy't ik fierders treflik achtsje, hwat mear eksplicitens yn it oantsjutten fan de masterlike bou fan it stik neffens my wol op syn plak west, eat dat jin by elke opfiering op 'e nij treft.
Dr D. Kalma syn tekstboarnen binne fansels better as mines, mar dochs set ik in fraechteken yn (IV, 1) by dy syn
Forjow ús, hear (Hy en de oaren knibbelje)
Jim wiene, wit ik, fijnen om ien faem
Yn de tekstútjeften dy't ik ha stiet òf:
| |
| |
I know you two are rival enemies
òf deselde tekst mei de regy-oanwizing deryn, mar jimmer mei de tekst: I pray you all, stand up....
De Fryske oersetting jowt in nijsgjirrich kontrast mei it origineel. Der is in nije tsjoen oer it stik kommen. It folgjende fragmint is faeks wol typearjend: by Shakespeare de lichte, probleemleaze, men soe hast sizze Romaenske kânt it neist, by Kalma in folslein oare sfear, sa klear hast net, swierder, Germaensker, mar ek hjir in wûndere tsjoen dy't jin meifiert:
(IV, 1)
Sound, music! Come, my queen take hands with me,
And rock the ground whereon these sleepers be.
Now thou and I are new in amity,
And will to-morrow midnight solemnly
Dance In Duke Theseus' house triumphantly,
And bless it to all fair prosperity:
There shall the pairs of faithful lovers be
Wedded, with Theseus, all in jollity.
Rûzje oan, muzyk! Nou nim myn hân, myn lea,
En dounsjend widzje wy dit dreamegea.
Nou hat wer leafde' freonskip ús forboun,
En dounsje wy to midnacht moarntojoun,
Troch 't hûs fan hartoch Theseus optein roun,
En seinje it mei in heil, foar ieuwen jown.
Dêr bin dan ek dy pearen, ien bliid boun,
Mei Theseus boaske, en sa hat blidens woun.
Ik haw al to folle sitearre, bin 'k bang, en dochs haw ik de hichtepunten jit net neamd. Neffens my kin men dy fine yn it bigjin, yn it foarste toaniel fan it twadde bidriuw, yn III, 2 as Hermia en Helena spul ha en de teksten fan Puck; en last but not least: de trije lêste siden fan de oersetting.
***
Der binne moai wis inkelde plakken yn de Midsimmernachtdream dêr't Dr D. Kalma ûnder de mjitte fan syn kinnen bleaun is. Mar de tael fan it stik yn syn gehiel hellet dat ryklik oer. Somtiden stiet Kalma syn tekst to fier fan de folkstael ôf, mar dêrfoaroer binne der ek forrassende effekten krekt troch it brûken fan de folkstael.
Dizze oersetting hat alluere, tsjûget fan dichterlik fakmanskip en fan in greate leafde foar de wrâld fan William Shakespeare.
|
|