De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 79] [p. 79] Anne Wadman: As ienris.... foar Fedde Schurer. As ienris de streamen dearinne, gjin drift mear fart troch it bloed, faeks kin men fannijs dan bigjinne, faeks komt dan alles noch g'oed. Men wurdt al griis om 'e sliepen en sykhellet stadigeroan - de dreamen dy't ienris jin griepen wurde skraler mei elke moarn. Men glimket en wit to birêsten yn de ienris sa stelde wet: de earsten binne de lêsten, en in wei werom is der net. Men wol net fierder mear springe as de pols it lije wol, jin net mear yn 'e bochten wringe fan dy't him bifrije wol. Men wit jins forlies to dragen, de delgong nimt men mei moed - by it krimpen fan 'e dagen faeks komt dan alles noch goed. Vorige Volgende