‘Freonen, freondinnen’, sei hja.
Eins praette hja net tsjin dizze nommele lju, yn har tinzen wiene it de jonge eallju en frelles fan alearen.
Har stimme hearde as in mearkelûd, krekt as lústeren de moerbeibeammen efter yn it tún in yntym petear. In sunich, bidutsen lûd, ja, mar fel krong' it yn de harkers.
‘Ik haw leaf’, sei hja, ‘jimme net. Jim witte net, hwat leafde is, dat fornimme jim pas yn de âlderdom. Ik haw leafhawn, in minskelibben lang, en de twinger nei de ein ta bidijt by my neat. Hwa't leafhawwe wol, moat it langstme fuorje en nea de bifrijing fine.
Neat is folslein by jimme, it leafhawwen net en it haetsjen net, jim binne sa hastich en sa rimpen. O, sleauwen dy't de haet net kenne om jim lot. Forruostkje dan.’
Forachtlik gyng har stimme út.
Doe wie hja hommels âld, stokâld. Hja hong yninoar, forfallen, formôge, in fortoarke leat. Benedictus fleach nei har ta en brocht har foarsichtich yn 'e hûs.
De reäksjes by it jongfolk wiene ûngelyk. Efkes feesten hja nei yn 'e bosk, mar net spontaen lyk as oars, it woe net. Hwerom hie hja der fan 't jier sokke wurden by sein? Hwat soe dat bitsjutte? It waerd in koart, opswypke feest, dêr't hja oer 'e mjitte wurch fan waerden, de ein wie in bineare kliber, steande oan de wei, petearjend oer de leafde.
***
Lytse Jochem, dy't forwoeksen wie, dus op 't feest net komme mocht en de hiele joune tusken de beammen troch gluorke hie, harke nei de petearen. Hy hie it niiskrektsa bistien in fanke to freegjen en hja hie sa nuver lake, dat Jochem wie fuortroun as in forhûddûke houn. Nou stie er foar de izeren hikke fan it Slot yn it skaed fan boskjes, it jongfolk dat stadichoan ôfsakke, seach him net. Hoe langer er dêr stie, hoe lilker hy him tocht. Hy seach broeisk de kant út fan it Slot. Hie hja dêr de miswoeksenen net it earst fornedere? En hwêrom? Hwêrom mocht hy nea op it feest komme? Wie miswoeksenens in misdied? Hoe mannich jier hie hy der al om lijd?
‘As ik dan oerdei net komme mei, kom ik by nacht’, sei er ynienen en resolút stoep er de Slotsleane yn. Mar fier doarst er net. Hy gyng fansiden oan de rânne fan in droege sleat sitten en tocht oan it fanke. Sear en smertlik drigeminte er de frelle.