De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende D.A. Tamminga: Twa oersettingen nei Georg Trakl. Ljochte hjerst. Swiid rint de jiergong nei de ein Mei goudne wyn en ripe hôven. De bosken swije fier en hein En binne it selskip fan 'e drôven. Nou seit de húsman: It is bêst. Dou jounlet klip mei sêfte stimme En bêdzje ús noeden yn it lêst. In fûgelkloft wol ôfskie nimme. Nou is it leafde' mylde tiid. Yn boaten kûzje lette pearen. Hoe fyntsjes byld oan byld forgliidt Ta rêst en swijen nea to kearen. [pagina 72] [p. 72] Liet fan it Jountiidslan. O de nachtlike wjokslach fan 'e siele: Réën gyngen wy ienris ta skym'rige bosken yn Efter ús oan it reade wyld, de griene blommen en de preuveljende welle fol dimmenheit. O, de oerâlde toan fan it imerke, bloed bloeijend oan offerstien en de skreau fan 'e iensume fûgel oer de griene rêst fan sédiken. O, jimme krústochten en gleone martelingen fan it fleis, de fal fan poarperen fruchten yn jounich hôf, dêr't by âlds de fromme discipels giene, kriichslju noutiids, opweitsjend út smerten en stjerredreamen. O, de sêfte roggeblomrûker fan 'e nacht. O, jimme tiden fan stilte en goudene hjersten, doe't wy freedsume muontsen de poarperen drúf útparsen; en rounom blonken klingen en wâld. O, jimme jachten en stinzen; rêst fan 'e jountiid, Doe't yn syn bidsel de minsk op rjochtfeardichheit sinde, wurdleas wrakseljende om Gods libbene holle. O, de bittere ûre fan de ûndergong, as wy in stiennen antlit yn swarte wetters merkbite. Glânzgjende lykwols heevje de sulveren skulpen de leavjenden: Ien slachte. Wijreek streamt fan roazich holkjessen en de swietlûdig'e sang fan út 'e dea opstienen. Vorige Volgende