De wei fan dizze gedichten rint fan 'e hjerstige tsjoen fan 'e folheit, fan 'e barokke pracht fan Salzburg oer yn 'e uterste Godforlittenheit fan 'e greate stêdden mei har fizioenen fan ûndergong en forwurding en oer de fantastyske dreamen fan 'e dichtersinding fan de ‘Knabe Elis’ nei it skôg'jen fan 'e ein fan alle skiednis yn it ‘Abendländisches Lied’. Ut 'e djipte forskynt him it krús en út 'e krûtdamp fan 'e slach om Grodek komt de suster by de deade soldaten as forlossende ingel.
Kleuren hawwe foar Trakl biskiedende wearde yn seedlike sin: poarper is it lijen, de smerte, de wollust, it birou; grien en brún drukke hast altiten seedlik bidjer en forfal út; blau eangstme en geheim; wyt en rôze binne de kleuren fan 'e reinheit, it forlangen en de forlossing mids de ûndergongsbylden, fan 'e forlossing út 'e twa-geslachtlikheit fan 'e wrâld, dêr't Trakl de twaspjalt fan al it ierdske yn wjerspegele sjocht: ‘Aber strahlend heben die silbernen Lider die Liebenden. Ein Geschlecht. Weihrauch strömt von rosigen Kissen. Und der süsse Gesang der Auferstandenen.’
Trakls likenissen en bylden binne ienfâldich en keare iderkear werom. Syn lyryk liket, lyk as Ernst Jünger opmerkt, op it omdraeijen fan in toverkiker, dy't efter matglês yn 'e glâns fan it moanneljocht mar in mannich stiennen, mar dy echt, yn ientoanige configuraesjes herhellet.
Hoewol't dy bylden meastepart út 'e wrâld fan it sichtbere, ja, fan it deistige nommen binne, ûnderfynt, lyk as Rilke seit, ‘selbst der Nahestehende immer noch wie an Scheiben gepresst diese Aussichten und Einblicke, als ein Ausgeschlossener: denn Trakls Erleben geht wie in Spiegelbildern und füllt seinen ganzen Raum, der unbetretbar ist, wie ein Raum im Spiegel.’
Dêr libbet de minske yn in ‘blauwe grot’, op in ‘roeikjend libbensboatsje’, ‘ravens’ forkundigje ûnheil, ‘rotten’, ‘podden’, ‘melaetskens’ binne symboalen fan it kweade, ‘forstienning’ is de heechste trime fan it ûndergéan fan smerte, ‘swarte hynders’ forkundigje ûnheil en hommels forstjerren, ‘tsjerkhôf’, ‘lyk’, ‘wyld op 'e jacht forwoune’ binne bylden fan 'e ûndergong.
‘Wyn en brea’ dêrfoaroer binne foar de Protestant Trakl sakramentele tekens, binne foar him treast en heilswissichheit nei ‘friedloser Wanderschaft durch wildes Gestein ferne den Abendweilern heimkehrender Herden’.