Dichter en boargerlike stan.
Der is op dit plak alris earder wiisd op 'e tige forsoarging fan de Fryske litteratuer yn de nije ‘Winkler Prins’. Sûnder ien wurd fan dy wurdearring falle to litten, mei it my lykwols frijstean in mannich foutsjes oan to wizen yn de twa lêstforskynde dielen (8 en 9).
Yn it artikel oer E.B. Folkertsma (8, s. 655) misse wy it neamen fan dy syn tiidskrift ‘Tsjûgenis’.
It artikel oer de Fryske litteratuer yn 9, s. 41 neamt it tydskrift ‘Iduna’ as bistien to hawwen fan 1843-1869. Dit moat lykwols wêze: 1845-1870.
Greater biswieren haw ik tsjin de wize hwerop yn dit artikel guon skriuwers birôve wurde fan har privileezje om oan 'e bureaukratyske twang fan Boargerlike Stân, trouboekje en rydbiwiis to ûntkommen. Binammen jildt dit biswier de rigel dêr't as leden fan de ‘jonge garde’ yn neamd wurde: G. Visser, G. Gezelle Meerburg, J. Dijkstra en A. Wadman. De earste en de lêste neame har as skriuwer (en dêr giet it hjir om): G.N. Visser en Anne Wadman, wylst de twa oare nammen yn 'e wrâld fan de Fryske litteratuer alhiel net bikend binne. De lju dy't har neffens har persoansbiwiis sa neame moatte, operearje dêr as Marten Sikkema en Sjoerd Spanninga. Dy't op groun fan syn ljocht yn 'e W.P. opstutsen hwat fan G. Gezelle Meerburg en J. Dijkstra keapje wol, avontûret thús to kommen mei Guido Gezelle syn ‘Rijmsnoer’ en in Frysk Taelboek fan omke Jan.
A.W.