Kronyk fan it proaza:
W. Kok:
Mei twa fuotten yn ien hoas.
W. Cuperus, De Gouden Tried III. Wever, Frentsjer.
Om dan mar mei de omballingen to bigjinnen, moat daelk sein dat dit boek tige knap útjown is, ek al postuert it nou min by de earste beide dielen. As de ynderlike wearde fan it boek safolle better wurden wie as it uterlik, dan wie it alhiel yn 'e es. Allinne soene dan dy sekfol printflaters der ek út moatte. Dat is doch hwat dêr't to min om tocht wurdt: hjir komme wy fier efteroan by Hollânske boeken. De tael moat yn alle opsichten goed wêze. Ik soe wol wolle dat mear skriuwers har wurk earst ris oan in oar lêze lieten om it kritysk to bisjen; it is my fan in pear, en dat binne fan de bêste, bikend. Alle fornijing is noch gjin Frysk. B.g. op side 30: ‘alles komt allike knap fan dach’; s. 117: ‘as er Bouke wankt’; s. 125: ‘nei azum snakje’; s. 142: ‘biliddigje’ ensfh. Foarsafier dit doublé nêst Hollânsk goud lein hat, koe de ‘wrâldpars’ fan s. 156 dêr ek by.
En dan dy stavering fan frjemde wurden. Hjir moat nou ris hwat oan dien wurde. Ik haw se net opskreaun, mar jow út it ûnthâld: Krisus en wrâldsintra's (sic!) njonken faillite boeren, regelingscommisje neist mikrofoan, en dan wer ceremoanjemaster. Hawar, sels greatmasters op it stik fan ús tael sitte hjirmei oanklaud en staverje hyltiten wer oars: hjir sil dochs einlings ris hwat regele wurde moatte.
Mar nou de ynhâld. Neffens it omslach wachten tûzenen Friezen op dit boek, en dat is ek sa. Alhoewol acht jier lang genôchs is om it foarige diel forgetten to wêzen. Nou, party lju sille dit boek mei greate nocht lêze en bliid wêze dat se nou witte hoe't it mei Bouke ôfroun is. It is ek in flot lêsber boek, yn bihoarlik goed Frysk, mei tige knappe einen, libbene petearen en in fakentiids treflike werjefte fan folkslibben en milieu. Dêrom kinne wy tige bliid mei dit boek wêze; der is fan soks great forlet, mear dochs grif as fan de ideäle roman dêr't aloan om frege wurdt. Soe in Fryske Kafka of Dostojewski hjir lêzen wurde, en