De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 60] [p. 60] E.B. Folkertsma: Ballade fan in forlieder. Dit is mar in nuet forteltsje En it rint mar simpel út, It giet mar oer in feltsje En hwat dat mar bislút. Hy seach mar hwat in sljocht fanke En woe har sa mar ris ha, Hja hiet ek mar fan Nanke, Dus taestte hy mar ta. Hja hie mar in hert ûnskuldich, En dat bleau mar altyd trou, Dat litte mar geduldich, Dat joech mar leafde to jow. Hy mocht der mar graech mei boartsje En fordjer it mar ris hwat, Dan spriek er mar: Myn hartsje, Gjin noed, 'k bin mar dyn god. Doe woed er mar wer ris skiede En hy sei har mar ris ou, Hy treastge: Bist mar ierde, Dat haw mar gjin birou. Ek winske er har mar de seine, En mar lok, en eare de romt'. Om 't kwea mar dien oan dy reine Hat God him mar fordomd. Oktober 1950. Vorige Volgende