| |
| |
| |
J.J. van Weringh:
Dokkumer Columbus ûntdekt it Lân fan Dream en Winsken.
(II)
Dr. Sierksma syn dissertaesje is in methodologyske stúdzje: hja bihannelet de methoade dy't men folgje moat om to kommen ta it bigripen fan religieuze foarstellings en brûkmen, en dan spesjael de forhâlding (oerienkomst, forskil, wearde) fan de djiptepsychologyske methoade fan de Switserske psycholooch Carl Gustav Jung en de fenomenologyske methoade fan Van der Leeuw.
Neffens Sierksma is it in tokoart yn it wurk fan Van der Leeuw (en dêrmei yn de hiele godstsjinstfenomenology oant nou ta), dat dy by de foundearring fan syn methoade by de idéën fan Jaspers en Spranger stean bleaun is en yn har selskip de djiptepsychology sûnder mear ôfwiisd hat (Freud) of alteast folslein negearre (Jung); (ss. 31-34, 57, 82, 84, 103-107, 135). Hy achtet dat einlik ûnbigryplik fan dizze universéle geast en is fan bitinken, dat in konfrontaesje fan de godstsjinstwittenskip mei dy tûke fan de psychology njonkelytsen needsaeklik is (ss. 19, ff.).
‘Van der Leeuw moest als pionier wel de nadruk leggen op het systematisch karakter der nieuwe wetenschap tegenover de godsdienstgeschiedenis, ook al blijft zijn negatie van de dieptepsychologische resultaten niet minder bevreemdend. Nu echter de historie groter aandacht opeist en het toch al aan spanningen rijke vak der phaenomenologen door de overvloed van historisch materiaal gemakkelijk een ietwat chaotisch karakter dreigt te krijgen, biedt alleen een dieper gaand begrip, alleen een groter differentiatie met betrekking tot de inhoud der structuren en ideale typen, de mogelijkheid om in deze overvloed de phaenomenologische lijnen te bewaren’ (ss. 22, f.).
It is Sierksma syn greate ûntdekking, dat hy as fenomenoloock yn de psychology fan it ûnbiwuste, sa't Jung dy útarbeide hat, it materiael en de methoade foun hat om ta dat ‘djipper geande bigryp’ to kommen. Fan de ûnderskate djiptepsychologen is it allinne Jung mei syn skoalle, dy't yn syn théory de religy net a priori ta a-religieuze prinsipes redusearret - en dy't boppedat dat stânpunt yn praktyk brocht hat yn in hiele rige publikaesjes, dy't al- | |
| |
linnich al as materiaelsamling foar de godstsjinstwittenskip tige fan bilang binne (ss. 21, 19). Jung syn methoade is dus prinsipiëel fenomenologysk, yn tsjinstelling ta Freud sines, dy't de religieuze forskynsels redusearret ta biologyske wetmjittichheden. In wiidweidich ûndersyk nei de bitsjutting fan Jung syn libbenswurk foar de godstsjinstfenomenology, dat tagelyk as biwiis tsjinnet foar de stelling, dat tapassing fan dizze djiptepsychologyske skôging foar dat fak langer ûnmisber is, foarmet sadwaende it wichtichste stik fan Sierksma syn wittenskiplik persoansbiwiis.
De krityk op Van der Leeuw komt foar in part del op Jaspers en Spranger, dat earst wurde dy har théoryen oer it bigripen fan psychyske forskynsels kritysk bihannele. Sierksma bistriidt (hst. II B) yn 'e mande mei oare skriuwers Jaspers syn absolute skieding tusken kausael forklearjen, troch ynduksje, sa't bynammen de natuerwittenskip docht, en yntuïtyf bigripen, út evidinsje, sa't dat foaral bart yn 'e wittenskippen dy't mei it psychyske to meitsjen hawwe. Ek by it ‘bigripen’ giet it om it finen fan rigelmjittichheid yn de forskynsels troch abstraksje fan bysûnderheden, om algemiene ‘struktueren’, dêr't it bysûndere earst ‘bigryplik’ troch wurde kin. (Men hie hjir eins efkes de namme fan Aristoteles forwachte.) Fierders binne kausale likegoed as bigryplike relaesjes min ofte mear anthropomorfe ynterpretaesjes fan de forskynsels. Jaspers syn tsjinstelling tusken evidinsje en ynduksje is fiersto sterk: de yntuysje is in kennisfunksje dy't likegoed yn 'e wittenskip fan 'e natuer as yn dy fan 'e geast wurksum is; en oan 'e oare kant binne sawol bigryplike as kausale bitrekkings hypotheses, dy't de feiten rjocht dwaen moatte. Der is sa bisjoen gjin prinsipiëel forskil tusken de bigripende en de forklearjende methoade, allinnich in gradueel forskil yn abstraksje. It eigentlike ûnderskie sit neffens Sierksma dêryn, dat it ‘bigripen’ (Verstehen) in bysûndere foarm fan forklearjen is, dy't allinne tapast wurde kin as men de minske sels as objekt fan ûndersyk hat, en dan delkomt op it ‘opnimmen fan de forskynsels yn jins eigen libben’ fan Van der Leeuw.
Mar nou is it my net dúdlik, foar hoefier't Sierksma dêrnjonken dan it finaliteitsprinsipe in konstitutive faktor (ss. 49, 51, 56, 66 etc.) foar de bigripende methoade achtet en achtsje kin. Ik bin it mei him iens, dat it forklearjen ek op finale en it bigripen ek op kausale relaesjes bitrutsen
| |
| |
wêze kin. Mar krekt dêrom, ek by in rojael ynskikken fan it bisteande forskil yn aksint op dit stik by beide methoaden, liket it my ta, dat it bitizing jowt, as men it ûnderskie forklearjen-bigripen op 'e iene of oare wize mei it skema kausael-finael yn forbân bringt. In finale relaesje is by einsluten ek in forklearring. Men soe Sierksma syn stelling omkeare kinne en sizze, dat ‘forklearjen’ in bysûndere foarm fan ‘bigripen’ is, dy't tapast wurde kin as it giet om kausale of finale relaesjes. En it eigentlike ‘bigripen’ fan de minske en it minsklike yn fenomenologyske sin is dan negatyf to typearjen troch de ‘epochê’, de ûnthâlding, èk fan finale sawol as kausale forklearrings, en posityf troch de niis oanhelle formulearring fan Van der Leeuw.
Sierksma folget yn syn klam op de finaliteit Spranger, hoewol't er dy fierder bistriidt (hst. II C). It muoit my, dat it net mûglik is, om dizze diskusjes hjir fierder to folgjen. Ik nim lykwols in pear konklúzjes oer, dy't my fan bilang talykje; ta goed bigryp moat der by sein wurde, dat Sierksma him oanslút by de stratifikaesjetheory yn 'e biology (oer de bou fan 'e natuer yn ‘lagen’: anorganysk, vegetatyf, animael, psychysk, ensfh.), en spesjael by Nicolai Hartmann syn leare dêroer, dy't yndied de muoite wurdich is.
‘Verklaren gaat, naarmate de menselijke verschijnselen een steeds meer complex karakter krijgen, over in begrijpen. Een deel der phaenomenen kunnen wij alleen verklarend benaderen, een ander deel zowel verklarend als begrijpend, terwijl een derde deel door ons alleen begrepen kan worden. Gezien het complexe karakter der menselijke psyche is het begrijpen daarom in hoofdzaak het aantonen van finale en in eigen leven ingeschakelde relaties.
Wanneer de dieptepsychologie op enigerlei wijze zo veel mogelijk aan de ervaring getoetste begrijpelijke of causale relaties kan aantonen, dienen deze relaties - wanneer zij religieuze verschijnselen betreffen - door de godsdienstwetenschap te worden aanvaard en verwerkt. (ss. 58, f.)
Daar de begrijpende methode de mens zo veel mogelijk in zijn totaliteit wil verstaan, zijn de door de dieptepsychologie gevonden relaties van primair belang, aangezien “Verstehen” de bewustwording beoogt van voorheen niet bewuste verschijnselen.
Wanneer Spranger spreekt van structuren in de biologie zo goed als van structuren in de geesteswetenschappelijke psychologie, is het noodzakelijk ook de structuren in het door de dieptepsychologie bestreken tussengebied vast te stellen. Uit het voorgaande kan ten overvloede worden geconclu- | |
| |
deerd, dat de verschijnselen van het zg. onbewuste op dezelfde wijze als alle andere menselijke phaenomenen moeten worden benaderd: beschrijvend, classificerend, verklarend en begrijpend.
Daar het psychische als “laag” boven het organische ligt, moet ook rekening gehouden worden met de organische verschijnselen, omdat de op het organische niveau geldende categorieën voor een deel althans doorwerken op psychisch niveau.’ (s. 89.)
In wiidweidige skôging oer dit program is hjir gjin rûmte foar, likemin as foar krityk op inkelde ûnderdielen. Mar ik moat dochs al efkes biswier meitsje tsjin it ûnrjocht, dat Kant oandien wurdt yn dizze útspraek (ss. 76, f.):
‘Zoals bekend, is voor Kant het ik de bron van de natuurwetten. Het gevolg hiervan is, dat deze natuurwetten a priori gekend kunnen worden. Het is dus niet nodig deze kennis uit de ervaring te halen’.
Ik leau net, dat de âlde Königsberger filosoof sa'n grou boek skreaun hie oer in probleem dêr't er op sa'n simpele wize mei ôfweve wold hie. Der is njonken de leare fan de Nij-Kantianen ek jit altiten in fenomenalistyske ynterpretaesje fan de ‘Kritik der reinen Vernunft’, dy't foar fenomenologen dochs wol sa oannimlik is. -
Oant safier gong it Sierksma der om, methodologyske rûmte to meitsjen foar it opnimmen fan de djiptepsychologyske resultaten yn it ramt fan de godstsjinstfenomenology. Yn it folgjende - en min ofte mear los fan dy kennistheoretyske diskusjes - giet er dan oer op de bihanling fan de djiptepsychologyske théoryen sels en fan har wearde foar de fenomenologyske stúdzje.
Earst (hst. III) wurde de prinsipes fan Sigmund Freud, de pionier fan de djiptepsychology, yn 't koart neigien en hifke: mei de-konklúzje, dat Freud c.s. net allinnich yn 'e théory mar ek yn 'e praktyk de religieuze forskynsels gewelt oandogge, mei't hja se ûndergeskikt meitsje oan de théory (ss. 112, 108). Nijsgjirrich mei it each op de forhâlding fan de opfettings fan Freud, Jung en Van der Leeuw is de yllustraesje dêrfan mei in foarbyld: de biskriuwing fan it fenomeen fan de werberte neffens dy trije har ûnderskate analyses (ss. 108-112). De forskillen tusken Freud en Jung fettet Sierksma gear yn in skema, dat er fan Baudouin oernimt (ss. 98, f.), en dêr't ik ien en oar út oanhelje:
| |
| |
1. |
(Freud): |
‘Het onbewuste is afgeleid van het bewuste, het eerste is een afvalproduct van het tweede. |
|
(Jung): |
Het onbewuste kan niet gereduceerd worden tot bewustzijnsafval; integendeel, voorzover men kan nagaan, is het bewustzijn voortgekomen uit het onbewuste. Natuurlijk kunnen bewuste verlangens naar het onbewuste verdrongen worden, maar in principe is het bewustzijn een eiland in de oceaan van het onbewuste, dat iedere nacht weer onder de golven verdwijnt. |
2. |
(Freud): |
Het onbewuste vindt zijn expressie in de droom, waarvan de inhoud bestaat uit gecamoufleerde driftwensen, die niet bevredigd werden en dientengevolge verdrongen zijn. |
|
(Jung): |
De droom manifesteert niet alleen de verdrongen, maar al de aspecten van het psychische leven, ook de nog niet bewuste inhouden. |
3. |
(Freud): |
Wat verdrongen is, bestaat in wezen uit verlangens, die als schuldig worden gevoeld. De verdrongen wensen komen rechtstreeks uit het instinctieve niveau. De cultuur dwingt de mens om zijn instincten te verdringen. |
|
(Jung): |
Men verdringt niet alleen wat als schuldig, zondig wordt gevoeld. Het komt herhaaldelijk voor, dat alles wat onverenigbaar is met de eisen van de z.g. practijk, dus ook de geestelijke waarden, verdrongen worden, uit angst dat men zich b.v. niet zal kunnen handhaven in de struggle for life.’ |
En dêrmei komme wy op Sierksma syn skôging oer de psychology fan Jung sels en de bitsjutting dêrfan foar de fenomenologyske godstsjinstwittenskip (hst. IV). Mear as in stikmannich losse notysjes kinne der hjir ek al wer net oer makke wurde.
Jung hat in fenomenologysk respekt foar de psychyske forskynsels. De religieuze fenomenen binne foar him in kategory op harsels; hy bisiket se net út hwat oars to forklearjen, lyk as Freud c.s. Nou is ien fan de wichtichste fraechstikken by de bistudearring fan de godstsjinsten, bynammen de primitive, it probleem fan de bitsjutting fan de symboalen, dy't dêr yn foarkomme. Mar ek ús dreamen sitte fol fan sokke symboalen. It leit foar de hân, dat de djiptepsychology forbân siket tusken it iene en it oare. Jung fettet it symboal op as it oarspronklike útdrukkings-middel fan it ûnbiwuste, ‘âlder’ as it tinken. In oar punt, dat mei it foarige gearhinget, is dat fan de sin fan de mythen. Ek op dit stik docht it bliken, dat Jung de godstsjinstwittenskip in hiel ein fierder helpe kin. Hy is yn dat for- | |
| |
bân ta syn théory fan de ‘archêtypen’ kaem, ‘ûrbylden’, psychyske kategoryen, dêr't de minske de wrâld om him hinne yn bilibbet, en dy't sterk oerien komme mei de idéale typen fan de godstsjinstfenomenology. Sa kin de djiptepsychology it bigryp fan de biwust religieuze forskynsels fordjipje, mei't hja in djippere ‘laech’ fan de psychê bistudearret; hwant ‘de eilannen, dy't boppe de oaséaen fan it ûnbiwuste út komme, hawwe har wêzentlikste forbinings ûnder wetter’.
Sierksma giet fierder Jung syn methoade en syn resultaten yn forskate détails nei, hwerby't er û.o. út de ûnderskieding fan de psychyske symboalen yn materiéle en funksjonéle konkludearret ta it forlet fan in théory oer de stratifikaesje yn it ûnbiwuste, en de problemen oanjowt, dy't op it fjild fan de stúdzje fan de primitive mentaliteit noch lizze to wachtsjen. Hy wiist der ek mei rjocht op, dat tapassing fan de djiptepsychologyske útkomsten guon tsjinstellings, dy't oant nou ta yn de godstsjinstwittenskip bisteane, lyk as dy tusken objektive godstsjinstfoarmen en subjektive religiositeit, ta synthese bringe kin. It boek wurdt bisletten mei in haedstik oer anthropology op basis fan de skriuwer syn konklúzjes.
En hjir moat ik dit relaes ek bislute. It soe my gjin nij dwaen, as dizze dissertaesje de oanlieding waerd ta in brede diskusje ûnder de theologen oer it bilang fan de psychology fan Jung foar de godstsjinstwittenskip. Sierksma hat se dêr winlik ek op ferge mei syn suggesty, dat hja sa'n konfrontaesje oant nou ta mei sin mijd hawwe soene as gefolch fan in ûnbiwust konflikt, troch ‘forkringing’ fan it âlde probleem fan de natuerlike religy (s. 20). It is allinne slim spitich, dat Van der Leeuw dy diskusje net mear liede sil.
Mar hoe't dat ek biteare mei, ik bin grif de iennichste net, dy't wiis is mei Fokke Sierksma syn ekspedysje nei de frjemde kusten fan ús minskebistean, mei syn ûntdekkings, kampslaggen en foroverings dêrre, en mei dit journael fan syn drystmoedich avontûr.
|
|