De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] D.H. Kiestra: Aldlans bidjerling. Ik hold altyd fan dy, Fryslân, fan dyn wetterlân, greidhoek en bou, de mei beamte garnearde Wâlden, dy fyn-útfreedge lânsdou; dêr't it libben yn smûke kampen en stringen bisletten leit en de lytse húsman jit buorket mei in baerch, in skiep of in geit. Oars is de pronk fan de bouhoek mei de bloei fan koalsied en flaeks, de gewinten mei ierpels en biten, mei striefrucht en oar gewaeks. Wer oars de fleur fan de mieden of de finnen mei 't weidzjend fé, en de swide rêst fan de pleatsen mei stille oanslach op eigen hússté, en de bochtige, blinkende sleatten dêr't de loft yn wjerspeeg'le wurdt mei alle skakearing fan kleuren.... Oant ik frege, myn God, hwat bitsjut dat ûnnoazele rimen en dichtsjen? En ik skuorde, in kwea amerij, de hiele rommel oan flarden, fuort mei dy oanstellerij! Dy earme, boarstlige wurden, hja binne as tsjêf sa loas, tinkstou jit oan ien fan harren by wjerljocht en wetterhoas? En de natuer om dy hinne lit hja wêze in moai skilderij, mar dou gietst mei dernei to eagjen sa licht oan dyn meiminsk foarby. Sa bliuwstou in blomkesiker, skjin allang oan dyn jeugd ûntgroeid, dy't gobberet op moaije amerijen, mar syn heechtiid fan krêft forknoeit. [pagina 52] [p. 52] Sûnt haw ik in neisimmer wurke yn it neakene Suderleech, dy barre, ûnherberchsume oarde mei gjin treast as de loft omheech. Dat fjild sûnder puollen en petten, sûnder beamte en fûgelsang, mei dy dea-rjochte wegen en sleatten, forfeelsum en ôfmêdzjend lang, Sûnt bin ik in krom foroare, lytse moaijens forachtsje ik net mear, hwant hwa kin omspanne dy flakten, dy romte, dy widens, dy sfear fan ierde en himel beide, dy't dêr jinsen yn greatens bistiet en it wyldjeijende libben dat dêr breed oer de kavels giet mei masines dy't raze en beare en bolder je fan gewelt? De skientme is noch nearne mechanysk yn trêft oan de ierde bisteld. Dat bistean fan stielhurde oarder, it bylket sa wreed en rou as in havenstêd heech yn 'e fjorden fan Noarwein, dêr't baerlik en grau de rotsen omhegen rize; de leechsteande sinne smyt in rodzich, ûnwennich skynsel dat kâld oer de berchtoppen glydt omheech tsjin de wolkekloften, knoarrich, koppich en njûr, in grille wjerskyn ljochtet it stielblauwe wetter oer. De brune ertsheappen lizze mei it stedtsje fordrukt en fordomd as in flok tusken rotsen en haven dy't in wyld fan de lippen komt. De wredens fan 't boerelibben tusken greate masines yn, sa't de sépolders it ús toane, 't is gefolch fan in frjemd fenyn, dat yn alle great ûndernimmen [pagina 53] [p. 53] in greate ûnwennichheit brout en it bistean mei kleuren fervet sa't oalje op wetter jowt. En it druit de nijlânsminske inselde ûnwennichheit yn, al wol er it sels net wêze sa as er de moaije skyn fan rykdom en woltier beide mei trots om him hinne spraet.... Jow my, God, de dream fan in doarpke, de treast fan in binnepaed, dat oer houten, om hikken hinne en mannich boere-efterhiem him bochtet bifrijing tomjitte dy't leit binnen âldlâns bifiem. Vorige Volgende